Wepperkes -tiisdei-

SDS League: Nije koprinner!
3 oktober 2006
Wepperkes -woansdei-
3 oktober 2006

Futsal: SDS 2 wint op ‘e nij
It twadde sealteam fan SDS moast justerjun yn Staphorst foar de kompetysje oantrede tsjin de pleatselyke ZVVS 2. Marten, Sjoerd R. en Pieter wienen der net. Yn plak fan harren dienen Jaap en Hendrik mei. It waard in dik fertsjinne 2-6 oerwinning foar de gasten. 
SDS spile in goede wedstriid. It liet ZVVS it spul meitsje en kaam der sels faak gefaarlik ut fia in counter. Dit resultearde dan ek yn in 0-4 foarsprong mei rêst troch goals fan Dirk-Yde (3x) en Tseard.
Nei rêst feroare der net in soad oan it spulbield. SDS kaam op 0-6 troch twa goals fan Skelte. Dernei like SDS it wol te leauwen. Sadwaande koe ZVVS noch 2 kear skore yn’e slotfase. Al mei al in beste wedstriid fan ‘e kant fan SDS, dat mei 9 punten út 3 wedstriden noch sûnder puntferlies is yn ‘e 1e klasse.
Folgende wike woansdei om 20.00 oere stiet de thúswedstriid tsjin Haskerland 1 op it programma.
Groetnis DYS

Nije keeperstrainer
Klaas Pompstra sil folgend seizoen de jeugdkeepers fan SDS trainen gean.

Misser
De scheidsrechter (B. Zestien) bij Gorredijk A1-SDS A1 beging afgelopen waterdag een flinke misser. Hij weigerde een wissel van SDS  omdat hij in de veronderstelling was dat een team ´slechts` 3 keer mag wisselen. Klaas en Marco wisten wel beter, dit mag 5 keer! Iedereen in rep en roer. De tegenpartij maakte hier natuurlijk goed gebruik van en de scheidsrechter stond het dus niet toe. Na de waarschijnlijk zeer ´koude` douche kwam de scheids met excuses (heeft
waarschijnlijk de reglementen gelezen) en heeft het wedstrijdformulier voorzien van enkele opmerkingen over zijn omstreden optreden.
Marco Hoekstra


Wiet
Sa is it in moanne droech en sa reint it ien dei mear as triittich millimeter.
De fûgels wiene der al gau op oanpast..

SDS 5 ljochtwedstryd yn Toppenhuzen.
Sneon moat SDS 5 tsjin TOP 3. Dat giet om meardere reden net troch op dy dei. De wedstryd is ferskood nei kommende freedtejûn. Yn in ljochtwedstryd sil SDS besykje yn de subtop te bliuwen.

Gerrit nei Liet 2006
Gerrit Hingst(SDS 3) spilet sneon mei The Secret op
Liet 2006 yn de Harmonie. Wolle jim graach dat Gerrit Liet 2006 wint dan moatte jim nei de Harmonie om op The Secret te stimmen. Sy spylje dêr it nûmer “Nim my mei”.

KNVB-side
In soad minsken binne net sa wiis mei de wei dy ’t de KNVB ynslein is mei syn webside. Wy hawwe der ek aardich de balen fan. Wy kinne b.f. net maklik mear sjen wat it programma is fan alle SDS-teams. Klik
hjir foar wat reaksjes op de webside fan Voetbalnoord.

UEFA-Cup
Op tongersdeitejûn yn de kantine kin de kommende tiid nei it trainen wer genoten wurde fan UEFA-Cup-fuotbal. Dit wie hjoed de lotting(klik
hjir).