Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
17 juli 2006
Kompetysje-yndielingen
20 juli 2006

Kompetysje-yndielingen
De kompetysje-yndielingen binne bekend. Wy hawwe by alle senioare-teams alfêst in link nei de KNVB-side setten. Moarn kinne jim der mear oer lêze. Klik
hjir foar de yndielingen fan de senioare-teams.

Twa Eastereinders en ien 1 veteraan
De oprop dat er tiisdetejûn wer fuotballe wurde koe op de Terp yn Wommels hie net folle sukses. Om 19.00 oere stiene der twa Eastereinders(Ja!!!!) en ien feteraan te wachtsjen op de rest.
Om healwei achten  binne se mar wer ôfsetten. Fraach is fansels welke Eastereinders nei Wommels kamen om te fuotbaljen. In oprop oan Marcel Frankena om te gokken welke spilers fan A-seleksje út Easterein frijwillich nei Wommels kamen om te baljen.
Hij riedt it nea! Maile kin nei
info@vv-sds.nl.

Healwei trijen
Kommend seizoen spilet SDS 2 syn thúswedstriden om 14.30.

Teamyndielingen
Alle teamyndielingen foar de senioaren binne no sa goed as rûn. Jûn sille der op de fergadering fan de leiders en trainers de puntsjes op de I setten wurde.

WK (Wommelser Kampioenskip)
Moarntejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan. Wy probearje earst op it fuotbalfjild fuotbalje te kinnen. Mocht it baggerdepot te grut wurden wêze dan wike wy út nei de Terp. Wy hoopje dat der wat mear binne as tiisdei.

Trick kick
Wy hawwe dit filmke hjir alris earder hân mar hy bliuwt machtich. Hjir op oanriden fan Jildert Hylkema nochris Thierry Henry(klik
hjir).

Netsjes
By it Horeka-keatsen ôfrûne snein yn Wommels pakten de 3 SDS’ers Harm-Auke Dijkstra, Robert Sybesma en Floris Hiemstra de krâns yn de A-Klasse.

Wat is dy Floris dochs feroare net?