Wepperkes -tiisdei-

Oefenprogramma SDS 1
17 juli 2006
Wepperkes -woansdei-
18 juli 2006

Sportyf
Snein wie it horeka keats toernooi yn Wommels. Dat dit barren heech oanskreaun stiet docht wol bliken út it hanneljen fan Skelte Anema. Op fytsfakansje fanút Limburg wie hij ûnderweis nei Mantgum. Mar hij wie noch mar healwei doe’t it sneon wie. Skelte reizge mei trein nei Fryslân, mei fyts nei Wommels, keatste, wûn de priis, gie wer nei Mangtum en sette moandei wer ôf nei Nijmegen om de fytstocht fuort te setten nei hûs ta.

4 wurdt 5 en 5 wurdt 4
Wij hawwe de yndielings fan de senioren ûnderwilens  krigen fan it bestjoer. Moai op tiid. De kommende wiken sille wij de webside oanpasse. Opmerklik feit: SDS 4 wurdt SDS 5 en SDS 5 wurdt SDS 4.

Op in 5de plakje
Dat it twadde plakje yn de WK-poule gjin tafal of fraude wie docht wol bliken út it feit dat Aant bij de gemeente Snits ek yn de prizen foel. Mei deselde útslaggen, mar mei wat in oare puntentelling waard in 5de plakje helle.

Gert Jan Hiemstra stoppet
De earste wiziging yn de A- seleksje is al wer in feit. Krekt is bekind makke dat Gert Jan Hiemstra stoppet mei fuotbal. Syn blessurelijen is hjir debet oan. Tige spitich!!

In nije en âlde lieder
De lieders fan SDS 2 binne no ek bekind: Jan de Jong sil krekt as ferline jier de lieder wêze mei…..Gert Jan Hiemstra. Tige hartstikke moai!!

Streake!
Jammer genôch sjogge wy it noch net in soad op de amateurfuotbalfjilden; streakers. Meastentiids giet dit op dizze wize(klik hjir), mar it kin ek sa(klik hjir).

WK(Wommelser Kampioenskip)
Jûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan. Jûn is de Terp wer oan ‘e beurt.
P.s. Ik(Willem) bin der sels jûn net.