Wepperkes -woansdei-

Hampie te wetter!
11 april 2006
SDS League: SCF(MH) rint fierder út!
12 april 2006

SDS 35+ út de beker
SDS 35+ hat juster mei 4-5 ferlern fan Anjum en binne hjirmei útskeakele foar de beker. Wy wiene benijd hoe ’t dit sa koe, mar wij witte it no: it ferslach

SDS A1 wint wer
SDS A1 hat de smaak te pakken. Sneon waard al wûn fan Zeerobben en juster waarde der mei 4-1 wûn fan AVC A1 troch doelpunten fan Pytrik, Vitor (2) en Feiko . Wy binne benijd nei it ferslach(Marco?).

SDS 2 ûnderút
SDS 2 hat juster mei 4-1 ferlern by Olde Veste. It hie miskien wat oars rinne kinnen as Willem nei 5 minúten, nei in ferkearde weromspylbal fan in Stienwiker, skoord hie. Dit barde net. Olde Veste spile mei de wyn yn de rêch en wie sterker. Út in ûnterjochte frije traap kamen sy foar. Nei de 2-0 like it gebeurd. It waard foar de té noch 2-1 doe ’t Ruerd Boorsma út in pingel der 2-1 makke. Yn de twadde helte mocht SDS mei de wyn yn de rêch fuotbalje (al wie dy al wat lizzen gien). SDS koe gjin fûst meitsje en waard op alle plakken ôftroeft. Olde Veste spile knap en wurdt dit seizoen de terjochte kampioen. Sy rûnen noch út nei 4-1 sûnder SDS in kâns te jaan. Hooplik hawwe sy it sneon net sa op ‘e heupen as sy yn Easterein komme.

Slidingbroek?
Stefan van Krimpen skrok doe ’t hy justerjûn syn slidingbroek oanlûke woe. Hy pakte it gefaltsje út syn tas en moast him ferfolgens hjir yn wringe……………


Join the winning team?
Ôfrûne sneon ferlear SDS 3 mei 2-1 út by Meppel. Klik
hjir foar it ferslach fan Albert-Jan Joustra.

Net juster mar hjoed
Earder dizze wike melden wy dat SDS A2 tiisdeitejûn út tsjin BergumBCV fuotbalje moast. Dit wie in foutsje. Sy moatte fannejûn om 19.30 yn Burgum fuotbalje.

Programma
Dizze wedstriden steane der hjoed foar SDS op it programma:
18.45 Harlingen C1 – SDS C1
19.00 Haskerland 7 – SDS 3 (Futsal)
19.30 BergumBCV A3 – SDS A2
Jûn dus gjin wedstriden yn Easterein.

SDS League
De nije stân fan de SDS League komt yn de rin fan de middei(echt wier!)

Ek yn Dútslân
Wa ’t tochten dat allinne Oscar Zijlstra en Rein van Duijnhoven dit koenen, hawwe it mis. Ek in Dútslân is dit kuenstke alris sjen litten(klik hjir).

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl.

Letter mear!