Wepperkes – tongersdeitemiddei-

De latte net te heech lizze
27 juli 2004
Wedstriidprogrammas
30 juli 2004

Jeugdyndieling

De Knvb hat de jeugdyndieling no ek bekind makke. In oantal saken falle gelyk op. Der binne allinne noch mar kmplete kompetysjes. Foar de ponghâlder fan SDS skeelt dit hiel wat hjerstkampioenen.

Ek opfallend is dat er oantal nije klupnammen as tsjinstanner binne. Wat te sizzen fan ONSTOP63 en jv Bolsward.

Foar B1, C2 en E3 sit er in reis oer de profinsjegrins yn. Sy moatte allegear in kear nei Urk.

 

De Boom(a) yn

Hjoed koene wy yn de krante lêze dat it de ûnderwilens beruchte “hear”  Van Booma no hielendal yn de plasse slein is. Komme je op de fyts, op de brommer of mei de auto by it rekreaasjepark om bygelyks te fuotbaljen dan moat je dêr foar betelje. Ek in besite oan it húske yn de klaaiboks sil wierskynlik jild kostje. It stie der net by mar it hat grutte kâns dat je foar de brûzen earst munten helje moatte.

Der komt al net folle goeds út den Haach mar dizze fint kin de Boom(a) yn. Gelokkich dat de senioren fan SDS dêr net hinne hoege.

 

Dribbelje

Juster sei Berend Mink, skûtsjeskipper fan Grou, dat syn skûtsje goed dribbelje. Ja, ja, at wy de saak trochelkoar heljen geane dan ropt de trainer aansens “refe”at hy bedoeld dat it allegear te fluch giet en wy de gong der úthelje moatte.

 

Kransenklassemint

Noch net goed genôch foar de top fan dit momint is de famylje Pompstra. Sy pronkje op dit momint mei 6 kransen, wûn troch Anke Marije (4), Jarco en Jelien. De bern moatte it fierders sels ek berêde want heit en mem hawwe it te drok mei iten klearmeitsje, ride mei de bern , fotos’meitsje, ferslaggen skriuwe en kransen ophingje. De famylje Pompstra jout oan dat it seizoen noch lang net dien is en dat de foarm noch groeiende is.

 

Waar

Alle dagen harkje ik wol efkes nei omrop Fryslân. Net slim om wat nijs te hearen, mar it falt net ta om it hiele ferhaal fan de waarmannen út te harkjen. Hoe’t it yn Anjum, Hantum, Rutten en Lippenhuzen west hat kin my neat skele. Ik wol witte hoe’t it no is, mei de wyn, de wynrjochting en de waarmte yn Wommels of Snits. Sûnt koart kin je elk momint sjen hoe’t yn de waarhut is yn Snits. Bywurke oant it lêste kertier. In aardichheid om dêr sa no en dan efkes op te sjen dan kin de radio minuten lang op in oare stjoerder.

Sjoch hjir yn de waarhut van Wiebren.

 

Fec tournooi
It is wol wis dat SDS de lêste winner is fan it echte Fec-tournooi. Kommend jier wurdt it midwintertoernooi yn Frjentsjer holden neidat ploegen harren fia foarrondes pleatst hawwe. Yn it Friesch Deiblêd kin je der iets mear oer lêze(klik hjir). Dizze advertinsje (klik hjir) kin wol yn it jiskefet. Dizze webside(klik hjir) moat noch bywurke wurde. Kommend jier wurde de finales fan de Midwintercup spile yn it wykein fan 15 en 16 jannewaris.

Programma senioaren
Wy hoopje dat wy moarn of sneon it folledige programma fan SDS 1,2,3,4 en 5 op de webside delsette kinne.

Programma junioaren
Ein folgende wike sille alle kompetysje-yndielingen en programmas fan ‘e junioare- en pupilleteams hjir te finen wêze.