De latte net te heech lizze

Tiisdeitemiddei-wepperkes
26 juli 2004
Wepperkes – tongersdeitemiddei-
28 juli 2004

Gerucht

De ôfrûne wiken koene wy op dizze side hiel wat geruchten delsette. De measte geruchten giene oer transfers. Lykwols hawwe wy no in hiel oar soarte fan gerucht en dat giet oer SDS.

Dit gerucht is yn de wrâld kaam trochdat SDS noch neistich op syk is nei in doelman. It is allegear wat krap, dus besiket it bestjoer fan alles om in doelman nei Easterein te lokken.

Sa seagen wy de ûndersteande adfertinsje earne stean.

 

Fuotbalklup (2de klasse) siket doelman foar A of B seleksje. Oer bysûndere betingsten is te praten.

Reaksjes ûnder nr. 832456

 

In Senegalese asylsiker,dy’t de ynborgeringskursus Frysk noch net ôfrond hat, reageerde en frege nei de bysûndere betingsten.

By tafal hearden wy hjirfan. It kin wêze dat ús takomstige Senegalese doelman it allegear net goed ferstien hat mar hy liet ús witte dat it bestjoer fertelde dat men ree wie om foar him, sjoen syn Senegalese ôfmjitting (hiel lyts dus) , ree wie de latte wat leger te lizzen. Letterlik yn dit gefal.

Sa giet dus no it gerucht dat de latte op ien de doelen op it A fjild en ek op it B fjild 10 oant 15 sintimeter te leech is.

Neifraach fan de redaksje by de terreinmasters hat allinne mar in stilswijen oplevere wylst men oars noch al rap fan de tongriem snijd is.

Sa krije je dus geruchten yn de wrâld.

Foar wa’t it neimjitte wol. 2.44  moat de hichte wêze.