Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
19 april 2005
SDS’ers derop út: Zwart-Wit
21 april 2005

Frouljusfuotbal!
Wy hawwe oan ’t no ta 3 froulju dy ’t wol by SDS fuotbalje wolle. Dat binne Petra Hooyenga, Femke Halbersma en Esther Halbersma. Fansels is dit noch lang net genôch om de kompetysje yn te gean. Wa hat noch mear belangstelling? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Mear as 150.000 besikers!!
Tiisdeitemiddei rûn in oer as fjouwer koenen wy ús 150.000e besiker wolkom hjitte op ús webside. Wy binne hjir tige wiis mei en hoopje dat it der noch folle mear wurde sille. Klik hjir(as op it blauwe fakje mei dat reade streepke hjirnêst) om te sjen hoefolle besikers wy no sa deis hawwe en wêr as sy wei komme en noch folle mear.

Sporthal Duinoord??
Wy melden tiisdei al dat it 1e sealteam fan SDS folgende wike freed syn lêste thúswedstriid spilet yn sporthal Duinoord(??). Wy gienen der fanút dat Titus de namme fan de sporthal feroare hie, mar dit die bliken fan net. Wy hawwe dus probeare út te sykjen wêr as sporthal Duinoord dan al stiet. It docht bliken dat de sporthal fan Houtigehage(???, leit tusken Drachten en Surhústerfean), Duinoord hjit. In lange reis dus foar in thúswedstriid….. Lang leve de KNVB!!! 

Fuotbalkamp yn Bakkeveen
Elts jier organisearet de KNVB ferskeidene fuotbalkampen. Yn it noarden wurde op 3 plakken 6 kampen hâlden. Ien dêrfan is yn Bakkeveen. Jimme kinne je opjaan troch it formulier te downloaden en ynfult op te stjoeren nei de KNVB District Noord yn Heerenveen(stiet wol op it formulier). Klik hjir foar it formulier.

De Treffer fan april
De foarige Treffer kinne jimme no ek hjir wer besjen. Spesjaal foar de minsken dy ’t him net thús krije. Helaas misse de foto’s der wer út. It bestân soe dan te grut wurde. Klik hjir om him te besjen.

Acrobat Reader
Om de Treffer en it formulier foar it fuotbalkamp lêze te kinnen hawwe je Acrobat Reader noadich op de computer. Hjir kinne je dat programma downloade; Acrobat Reader 6.0.

SDS ‘ers derop út!
Wy hawwe fan Dirk-Yde in skitterende bydrage krigen foar de rubryk “SDS’ers derop út”. Jimme kinne dat letter hjoed hjir lêze.

SDS League
As it treft kinne jimme jûn yn de fuotbalkantine de nije stân fan de SDS League fine. Fansels stiet der moarn ek op ynternet.

Keihurd!!
Feite de Haan hat in hurd skot yn ‘e fuotten. Roberto Carlos kin ek aardich hurd sjitte. Eartiids hienen je Ronald Koeman dy ’t de bal wol wist te reitsjen. Yn de tiid fan Appie hienen je Pele. Klik hjir om te sjen dat dy ek wol in frije traap nimme koe.
(As it filmke it net docht, gean dan op de adresbalk stean en klik enter)