SDS’ers derop út: Zwart-Wit

Wepperkes -tongersdei-
21 april 2005
Wepperkes -freed-
22 april 2005

Hjir wer in moai ferslach fan Dirk-Yde Sjaarda fanút Skotlân:

Zwart-Wit 
Wat  kin in dei dochs twa gesichten ha. Ofrune snein wie sa’n dei. Kant ien. Sit ik ofrune sneintemiddei hjir yn in computerlokaal efter de computer, lusterjend fia de internetradio van Radio 1 nei it wedstriidferslach fan myn club tsjin Ajax; ik hie der sin oan. Tink ik dat ik it goed foarelkoar ha dat ik de wedstriid dochs noch folgje kin. En ik hie it goed foarelkoar. Komt Feyenoord noch op foarsprong, twa kear ek noch wol. ‘Dit kin in moaie dei wurde’, tocht ik sa. Ik waande my al yn’e gedachte dat ik iene Tsjipke-Klaas Okkema fan ‘e singel hearlik efkes stalke koe mei myn mobiele tillefoan, ik hie myn sms-bericht al yn’e tillefoan stean. Mar dan, amper 5 minuten foar tiid sjit Grygera, mei wat ik hjeard ha in ofstandskot fan 25 yards, Ajax nei de 2-2. Oan’e radioferslachjouwers te hjearren moat ik der ek noch bliid om weze ek dat it mar 2-2 stoen (Ajax skiende better te wezen). Sadwaande doch ik dat dan ek mar. Mar dan komt it! Dat akelige Amsterdamse ploegje makket 35 seconden foar it einsignaal de winnende treffer. LUCKY AJAX!! Ja, dan brekt de hel hjir efkes los. Ik wit no ek dat de computer hjirre tsjin in stootsje kinne. Ik hoech jimme natuerlik net ut te lizzen dat dit de inktswarte bladzijde wie fan dizze dei. Dyselde Tsjipke-Klaas tinkt dat er myn, op dat momint, barslechte humeur ek noch in deuk jaan moat troch my in provocerend sms-ke te stjoeren. It waard der allegearre net better op.
 
Dan kant twa. Nei dizze teloarstelling waard myn mood enigzins better trochdat de heale finale wedstriid fan’e FA-CUP tusken Newcastle United en Man UTD op BBC rjochtstreeks utstoerd waard. Hastich sjoch ik at us Ruud van Nistelrooy ek yn’e basis begjint. Hy soe de leste tiid net topfit weze. It feit dat er al wedstriden lang droech stiet qua goals, befestigd dat. De opluchtig wie der, Van The Man stiet by de earste alve. Best genoch! Ik gong der efkes goed foar sitten en seach dat Van Nistelrooy yn’e 19e minuut de 1-0 binnenskeat foar de ploech ut Manchester. En drekt gong it ‘ Ruud, Ruud, Ruud, Ruud’, troch it Millenium Stadium yn Cardiff. Wat folge wie in prachtige wedstriid tusken de twa Uniteds. Manchester wie dudlik better, dit kaam ek tot utdrukking yn’e score trochdat Paul Scholes mei in prachtige kopbal de 2-0 op it scoreboerd sette.  

De twadde helte wie net minder boeiend as de earste. Ek yn dizze helte wie RVN wer de baas oer de bal en spiele wer sterk. Nei tal fan wedstriden en blessures wie hy wer werom op syn nivo. Ek de commentatoren fan’e BBC koenen dat ek beame. ‘ He’s back!’, bliezen se de microfoan yn. Hy makke sels ek noch syn twadde goal en joech de assist op de 4-1 fan Cristiano Ronaldo. Ek nei de wedstriid koenen de analisten fan de BBC (Gary Lineker, Les Ferdinand en Peter Schmeichel) net oars sizze dat Van Nistelrooy wer hielendal werom is op syn nivo. Ik ha dan ek genoaten fan’e wedstriid en foaral fan syn optreden. De tabloids ha de moandeis dan ek wol fol stien mei ‘ Ruud is back’.
 
Dizze wedstriid brocht myn dei wer aardich yn evenwicht. Al is de domper fan Rotterdam noch steeds net ut myn holle. Mar dizze FA-Cup wedstriid hie wer in soad goed makke. Op it momint fan skriuwen bin ik wer fol ferwachting fan’e wedstriid tusken Feyenoord en PSV. Ik hoopje net dat de mannen fan G. Hiddink my wer yn rouw dompelje. Is dat wol it gefal, dan kin yn elts gefal wat troost fyne yn’e gedachte dat der in moai wykein foar de doar stiet. It wykein gean ik namlik nei Glasgow ta om snein de ‘Old Firm’, de wedstriid tusken de Glasgow Rangers en Celtic, te besykjen. It is op it momint tige spannend yn’e Scottish Premier League, de wedstriid is foar beide clubs fan grut belang. No sil it moeilyk wurde om it stadion yn te kommen, mar ik bin fan doel om de wedstriid op in grut skerm te sjen yn in pleatselyke pub.

 
Wat ha ik hjir toch in moai libben……….!! It kin sels noch folle moaier wurde, mar der kin ik op it momint noch niks oer sizze. Der rinne in oantal projecten. Miskien dat der dan wer in ferslach tajekke wurde kin oan de rubryk ‘SDS’ers der oput!’. Hjiroer mear yn’e folgende Treffer.
 
DYS