Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
18 april 2005
Wepperkes -tongersdei-
21 april 2005

INLEVEREN MATERIALEN DOOR LEIDERS EN TRAINERS.
Wanneer over enkele weken het voetbalseizoen is afgelopen zouden wij graag van alle leiders en trainers de materialen weer willen innemen. (ballen, sleutels, waterzakken, leidersjassen, wedstrijdshirts e.d.) De coördinatie hiervoor wordt gedaan door Willem Twijnstra.
Willem zal met een ieder contact opnemen betreffende het tijdstip dat de materialen ingeleverd kunnen worden. Een verzoek aan alle leiders om de leiderjassen gewassen in te leveren.

Het bestuur.

Wurdearring (1)
Grutte wurdearring moat dizze tiisdeitejûn útgean nei de gleufwrotters fan SDS. Yn it reinige waar wiene sy (Abe Jan, Feike, Geert en Theo) drok dwaande om de ôfwetteringbuizen der goed yn te lizzen. Ek nei 2 kear trije kertier gyngen se gewoan troch.

Wurdearring (2)
Foar Klaas Okkema, dy’t mei syn ploech SDS 2 reedlik ienfâldich de bekerwedstryd fan it Fean 2 wûnen. Troch doelpunten fan Ruurd Boorsma en Henk Postma stie it by rêst al 2-0. Krekt foar de ein waard it noch 3-0 trioch Skelte Anema.
De folgende tsjinstanner is LTC út Assen.

Henk Postma skoorde en rekke de peal

Robert Hoekstra en Dennis Dijkstra sjogge beide nei in finger fan de tsjinstanner


Jan Simon Jelsma , yn duel ferwikkele

Wurdearring (3)
Foar B1 wie der ek wurdearring want sy joegen haadklasser Dio Oosterwolde goed partij. It like der sels op dat se wer foar in stunt soargje koene, mar troch 3 ûnachtsume minuten settn de gasten de 2-1 eftersprong om yn in 2-3 foarsprong. It slagge krekt net in gelykspul der út te slepen om sa fia strafskoppen mooglik troch gean te kinnen. In kompleet ferslach fan dizze wedstryd komt yn de folgende Treffer

Sybren, Ralph en Redmar wachtsje op de foarset

Korné Boekholt wit hjir rêding te bringen



Wurdearring (4)
It hie in leuke en fleurige jûn wurde moatten: it waard in fleurige jûn troch de kleurige wetterkearders.

Erik Haitsma (Cambuur) seach ek mei belangstelling nei de ferrjochtingen fan B1. Jacob Klaas hold de wetterkearder fêst foar syn broerke.

200%
Klik
hjir foar it ferslach fan Wichard út de Broek.

Doede’s ferslach
SDS C1 wûn sneon mei 5-2 fan WZS. Klik
hjir foar it ferslach fan Doede Kooistra.

Jeugdteams
Foar folgend seizoen binne de folgende jeugdteams ynskreaun foar de kompetysje:
2 A junioren teams
1 B junioren team
2 C junioren teams
3 D pupillen teams, wêrfan D3 in 7-tal wurdt
4 E pupillen teams
4 F pupillen teams
totaal 16 teams.
Foar F4 binne der noch gjin spilers, mar dat sil yn de simmerstop fêst komme.

Miskien letter mea
r!