Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Pieter Kamstra pakt wer de wykpriis!
2 december 2004
Wepperkes -freed –
3 december 2004

Bedankt!!
Nei lang sykjen hawwe de lieders fan SDS 3 in skiedsrjochter fine kinnen foar hun thúswedstriid fan kommende sneon tsjin ONS 3. Enne J. Bruinsma wie sa goed om dit op him te nimmen. Wouter en Friso wolle him hjirby tige tank sizze!!

Goed nijs en iepen sollisitaasje!
Dit mailtsje krigen wy út Easterein:

beste willem en aant.
Hier het zoveelste bericht over mijn blessure, maar ik kreeg vandaag goed bericht uit drachten. Ik wordt er volgende week donderdag 9 dec verwacht voor een operatie aan mijn voorste kruisband. dus het is weer zover. het verblijf in het ziekenhuis is zo’n 4 dagen, als alles goed gaat, daar ga ik dus van uit. de revalidatie laat wat langer op zich wachten, ik hoop er volgend seizoen na de winterstop weer bij te zijn.
dus als jullie nog een leuk klusje voor me hebben bij sds voor de winterstop.zoals marco assisteren als leider lijkt me wel wat.
Groeten, Dirk de Jong
No jûn de foarronde fan de Kenniskwis noch winne en Dirk syn dei kin net mear stikken!!
 

M. Sijszelingtoernooi

Oan it begjin fan it seizoen wurdt dit jeugdtoernooi foar E en F pupillen altyd holden. Dit jier slagge dat net en yn goed oerlis waard besletten der in sealtoernooi fan te meitsjen. Op 11 desimber wie der noch in plakje yn de seal tusken 9 en 12 oere.

Juster die bliken dat de KNVB sneon 11 desimber brûken giet as ynhelsneon foar de jeugd. Mei oare wurden at it waar goed is, wurdt er bûten fuotballe.

Mocht it op it fjild net troch dan giet it yn de seal wol troch.
Mocht it op it fjild wol troch gean dan is de seal frij. Belangstellenden om  de tiid tusken 9 en 12 oere oer te nimmen kinne harren melde by Jappie Wijnia (332245)



Nijs?
Hawwe jimme noch nijs, mail it dan nei
info@vv-sds.nl