Wepperkes -freed –

Wepperkes -tongersdei-
2 december 2004
Seleksjes SDS 1,2,3,4 en 5.
3 december 2004

En de winner is….
Al wer in spannende striid yn de finale fan de fuotbalkenniskwis. Dirk Yde en Mark hiene earst Durk de Jong oan de kant setten en moasten it “oan de knop”mar útfjochtsje. In striid fan Dophok tsjin sabetocht, in striid fan Wommels en Easterein. Mark Postma waard de winner mei 3-2.

Seleksjes foar moarn
Oan it ein fan ‘e middei kinne jimme hjir sjen wa moarn mei welk team mei moat.

Huskeamerfraach
Op ús fraach waard skoorde foar Heerenveen op de berch yn Wageningen yn 1971 kaam dochs noch in goed antwurd. Freddy Scheltema wist it noch krekt: it wiene Kees en Teun Kist. Kees skoorde 3 kear.

Tutsje.nl
Jûn om 18.10 oere op RTL 4 is in reportaazje te sjen út Wommels oer it tútteam. Opnames binne makke yn Jimbar en yn Wommels. It gerucht giet dat ek Anne Brouwer syn tútkwaliteiten sjen litte mocht foar de kamera…en hy die dit net allinne mei syn eigen frou…… 
De RTL minsken wiene in pear wike lyn ek al yn Wommels en lieten doe Foekje Zijlstra oan it wurd oer de feilichheid. Dat die se yn it Frysk. Dat skynt harren sa goed foldien te hawwen, want de ploech sette wer ôf nei Foekje oan Geins en woenen ek har wer yn byld.
Sjen dus.

Prins Bernhard
Ondanks dat de begraffenis(of wurdt der dochs balseme?) fan Prins Bernhard folgende wike sneon is, giet it fuotbaljen wol gewoan troch. Sjoch op de webside fan de KNVB oan wat foar voorwaarden je allegear foldwaan moatte om dochs te fuotbaljen(klik hjir). Sa sil der moarn in minút stilte wêze foar oanfang fan alle wedstriden (C-jeugd en heger). Ek sil de flagge healstok hingje en sil der oanpaste musyk draait wurde.

Letter hjoed mear wepperkes