Wepperkes (tongersdei)

Ferslach SDS 1 en A1.
7 april 2004
Opstellingen SDS 1 en 2.
9 april 2004

Mahler en blomskikke
SDS 5 reizge ôf nei Suwâld. Wêr’t dat leit? Wat de minsken dêr op in tiisdeitejûn dogge? De frituer oan allinne foar Eddy?

Lês it yn it wedstriidferslach ûnder it kopke senioren by SDS 5.

Eddy en Roy
Roy Makaay is in tige sosjale spiler sa’t elk wit. Doe’t hy topskoorder waard yn Spanje traktearde hy syn spilers op in hiel aardich kado. Eddy de Boer is ek in tige sosjale spiler. Hy driigt no de topskoorder te wurden fan SDS. It ferhaal giet hy dat syn ploechgenoaten ek ferrasse wol. Spitich dat er al wat útlekt is. It soe net aardich fan ús wêze at wy no al ferklappe wat it wurdt mar dat in boat dêr in rol spilet liket dúdlik.

Doelpuntenmakkers
SDS 5 hat tiisdei wer spile. En skoort fansels. Superspits Eddy ferstevige syn posysje, Roel Sijbesma stiet noch 2 doelpunten efter op soan Robert en Klaas Okkema hat no 6 kear skoord wylst hy 10 tasein hat. Under de rubryk senioren stiet de folsleine list.

SDS 2 frij?
Sa at it no liket kin de hiele B-seleksje moandei nei Aaipop (at der noch kaarten binne). De wedstriid tsjin Flevo Boys giet moandei heechstwierskynlik net troch. Mochten se gjin kaarten krije kinne foar Aaipop dan kinne se altiten noch in spultsje dwaan.

P.s De spelregels: met de linker muisknop klikken en proberen op tijd te slaan.)

SDS League
Ús “puntenleverancier” fan de SDS League hat noch altiten problemen. It begjint der op te lykjen dat eltsenien de wykskore pakt mei 0 punten. In djoere wike foar de ponghâlder.

Clarence-sluier-trofee
Tanksy Rinse Joustra komt ek Jan Keuning yn it klassemint. Hy tipte ús dat hy  op 20 maart yn Frjentsjer ek in strafskop miste. Spilers fan SDS 1, 3,4 en 5 binne no fertsjinstwurdige. Sjoch foar it komplete klassemint by senioren