Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
20 november 2007
Wepperkes -freed-
23 november 2007

Futsal: SDS 1 wint dik!
SDS 1 koe de lêste jierren nea winne fan ZVF yn Frentsjer. Juster barde it al en ek noch mei dikke sifers: 6-1. Grutte man wie Skelte Anema mei 5 goals. By de oare goal fan SDS wie ’t net hielendal dúdlik wa ’t him makke. Meast wierskynlik wie dit de man dy ’t meastentiids mei links skoort.
Jan-Simon Jelsma keepte best juster en krige mar ien om de earen.

Futsal: Wat die SDS 3?
Wy binne benijd wat SDS 3 juster thús dien hat tsjin ZVF 2. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Groeten fan…….
De futsallers fan SDS 1 rûnen juster yn Frentsjer in âld-SDS’er tsjin it liif. It gie om Koos Visser. Wy moasten fan him de groeten mar efkes dwaan oan de Okkema’s en Tamme. By dizze!
Wa kin ús wat fertelle oer Koos Visser? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Midwintercup 2008
De futsallers fan SDS hawwe aardich dreech lotten foar de Midwintercup:
-AVANTI/Autoschade Posthuma
-Blauw Wit (futsal)
-Bolswardia
-AVC
-HJSC
-SDS (futsal)
De rest fan de lotting moat ek bekend wêze, mar net by ús. Wa ’t it al wit mei it wol maile nei
info@vv-sds.nl!

Oefenje?
SDS 1 hoecht it wykein net te fuotbaljen. No sille sy miskien freedtejûn oefenje tsjin De Sweach. Dit is noch net wis.

Nije trainer?
No ’t Marcel Frankena nei dit seizoen fuortgiet moat der ek wer in nije trainer foar SDS 1 komme. It bestjoer fan SDS is drok dwaande om in opfolger te finen. Wa ’t hjir belangstelling foar hat kin kontakt opnimme mei foarsitter Douwe Dirk Reitsma(klik
hjir).

Beste goal!
Skelte makke juster in pear knappe goals yn de seal fan Frentsjer. Dizze mei der ek wêze(klik
hjir).

Zet ‘m op!
Maklik is dizze kwis seker net. Wy wolle jim noch ien kans jaan om de goeie antwurden te jaan. Wy binne benijd hoefier at jim komme(klik hjir). Moarn de oplossingen.