Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
22 november 2007
Seleksjes 24-11
23 november 2007

Gearkomst
Anco Elgersma jout ús troch dat kommende tiisdei de jeugd en technyske kommisje gearkomt.
De útnoeging sjocht er sa út:

VERGADERING OP DINSDAG 27 NOVEMBER 2007 OM 20.00 UUR IN HET VERENIGINGSGEBOUW “DE SKOALLESEIZE”.

 

BETREFT GEZAMENLIJKE VERGADERING MET JEUGD- EN TECHNISCHE COMMISSIE.

 

AGENDA:

  1. MEDEDELINGEN
  2. WINTERPROGRAMMA
  3. EVALUATIE EERSTE SEIZOENSHELFT
  4. TECHNISCHE COMMISSIE
  5. RONDVRAAG

EINDE VERGADERING UITERLIJK OM ± 22.00 UUR

Futsal
SDS 3 hat woansdei mei 2-3 ferlern fan ZVF 2. De goals fan SDS waarden makke troch Johan en Jacob.

Seleksjes
Yn de rin fan de dei kinne jim hjir de seleksjes foar moarn besjen.

Nije trainer
Lieuwe van der Brug mocht tongersdei de training fan SDS 4 en 5 liede. Sipke is blesseard en hij hie dit oankommend trainerstalint kontrakteard. De opkomst wie goed, de partij spannend en PvP ferlear twa kear. At it dan net in slagge training wie dan witte wij it ek net mear.

Lytse poppe
Foarige wike melden wy al dat âld-SDS-keeper mei syn frou Lizabeth in lytse poppe krigen hienen neamd Femme. Hjir it adres foar de kaartsjes:
Puoldyk 74, 9035 VC Dronryp

Doelpuntenklassemint
Foar de kommende Treffer binne wy it doelpuntenklassemint noch efkes neirûn. Wy misse noch ien doelpuntemakker. Wa hat der dit seizoen foar SDS 2 skoord tsjin Blauw-Wit ’34? Feite en ….. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Oefenje
SDS 2 hat folgende wike sneon gjin kompetysjewedstryd en giet dêrom oefenjen. Sy dogge dat sneon 1 desimber om 14.30 út tsjin Heeg 1.

Nije Treffersponsers
Wy hawwe der wer 2 nije Treffersponsers by. It giet om V.D.Werf Bouwservice út Easterein en Timmer- en Aannemersbedrijf Van Ruiten út Wommels.

Filmke
Wy krigen fan in ûnbetroubere bron noch in aardich filmke fan in oare sponser fan SDS. Dit filmke is fan Jaap Hoekstra(klik hjir).

Poepke!
Ach, wy litte allegear wolris in poepke…….(klik
hjir).

Letter miskien noch mear!