Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
9 januari 2007
SDS sneuvelt in achtste finale
12 januari 2007

Ôflast(1)
Al it trainen foar jûn is ôflast!

Ôflast(2)
SDS 2 soe kommende sneon ek traine. Dit giet ek net troch.

Serieus
De foto fan Jacob Klaas (sjoch wepperkes tiisdei) levere in reaksje op fan Dirk Yde Sjaarda:
Noait witten dat Jacob Klaas sa serieus sjen kin op in foto!

SDS 3
SDS 3 giet tiisdei 16 jannewaris wer los te trainen.

Snertloop 2007
Yn de Bolswarder Krante stie fan ‘e wike in grutte foto mei in artikel oer de Snertloop.

Klik op it artikel foar in fergrutting.

Berenloop 2006
Fan Minne Bonnema krigen wy noch de úteinlik tiid fan Markus……eeeeuuuuh… Marten Faber op de heale marathon fan Skylge:
2127  874   M.SEN.  MARKUS   FABER EASTEREIN – 2:37:57  2:30 :22

Reine
Justerjûn woene wij it reinwetter net trotseare om de futsallers te sjen. Mar gelokkich krigen wij moai op tiid in reaksje binnen fan Stoffel:

it sil wol reaksjes reine!
yn in bomfolle sporthal (de helte kaam út wommels en wie wierskynlik wol mobyl) waard it úteinliks 3-1. iksels ha de lêste 10 minuten sjoen. Skelte makke de lêste. Tamme flagge âlderwetsk.
grut applaus fan de 20 besikers!

Ferslach
Stoffel wie de lêste 10 minuten yn de hal en koe ús de útslach trochjaan. Gerard van Asselt wie de hiele wedstryd dêr. Hij docht ferslach:
Futsal 1 is oan’t no ta ûnferslein DIT jier yn harren kompetysje. De mannen pakten 3 punten tsjin Ljouwert 1. It gie dan ek fanôf it begjin gelyk goed. SDS krige in frije traap flak by it strafskopgebiet. Dizze waard net per direkt naam, mar Feite spile de bal strak nei Harm. Die skeat de bal achter de ‘goalie’. 1 – 0 SDS nei 6 minuten spyljen. Fiif minuten foar rust wie it Skelte dy foar de 2 – 0 soarge. SDS hâldt de bal keurich yn besit en koe mei 2 – 0 foarsprong efkes rust nimme en fan bank wikselje. SDS dat ek de twadde helte better wie, kaam dan toch in bytsje yn de problemen.
De mannen fan
Ljouwert makken ( mei in beste aksje ) 2 – 1. Opfallend wie Tsjeard ‘de Breeuw’. Hij as stugge ferdediger makket de leste tiid ek noch wol ris in goaltsje. Spitich genôch kaam hy no mei syn solo-aksje net fierder dan de latte en de peal. Mei noch 7 minuten op de teller wie it Skelte die mei in prachtige solo die de 3 – 1 makke. SDS koe it rêstich út spylje,mar Ljouwert loerde noch altyd. Keeper Jan Simon greep dan ek noch ris in pear kear poer best yn. SDS 1 pakt 3 wichtige punten yn it noch prille 2007.
Takommende sneon spylje de jonges ( mix futsal 1 en 2 ) fan futsal yn Frjentsjer foar de mid-wintercup. Oan’t dan!!

Goed
Wêr ’t de webside al net goed foar wêze kin:
Geachte heer Wijnia,
Gelukkig heeft de oproep resultaat opgeleverd.
Ik heb mijn jas weer terug.
Bedankt voor uw medewerking in deze….
Nils Bruining

Harsens derby(49)!
Dizze Turkse keeper hie jajuster tsjin Feyenoord net hielendal de …..harsens derby(klik hjir).

Letter mear!