SDS sneuvelt in achtste finale

Wepperkes -tongersdei-
10 januari 2007
Wepperkes -snein-
14 januari 2007

Juster wiene de finales fan de Midwintercup. It begûn om 9.30. 

SDS spile earst tsjin Wergea
: it waard 2-0 troch doelpunten fan Dirk Yde en Skelte. 
Opfallend aspekt wie dat SDS foar de doelpunten 4 kear op de linker peal skeat.

SDS spile dêrnei tsjin WPB: Altyd leuk, sizze wij dan. Ek no wer. SDS wie better en kaam op 1-0 troch Tsjipke Klaas. Dêrnei sette WPB efkes oan en se liken te skoaren. Mar de skeids seach de bal fan de latte ôf net oer line gean en ek de grins fan SDS wist it net seker, dus sloegen de stoppen troch bij in inkele WPB-er (R.deJ.) en hij waard mei read fuortstjoerd. Ek dat wegere hij dus staakte de skeids de wedstryd. De ein stân waard letter op 1-0 bepaald. 

SDS tsjin Ryptsjerk like in makkie: 3-0 foar troch Dirk Yde, Peter en Tsjeard, maar it waard noch spannend trochdat it 3-2 waard.

SDS hoechde net mear folút te gean tsjin Exstador. Se ferlearen de pot dan ek mei 2-0 tsjin in bettere tsjinstanner.

17.15 de lotting: 16 ploegen wiene der oer.
SDS moast it opnimme tsjin FCL. Dat waard in drege klus. De Ljouwerters wiene wat better en kamen op 1-0 en 2-0. It waard noch wol 1-2 troch Dirk Yde. Dat wie op it moment dat beide ploegen 1 man op de strafbank hiene. Doe’t ek Tsjipke der út moast wie der gjin hâlden mear oan. Mei twa fjildspilers en in doelman waard noch ien tsjintreffer ynkasseard. 1-3 wie de einstân.

Yn de finale stiene Extador út Harns en Avanti út Stiens.
Avanti wûn dizze wedstryd mei 2-0 en waarden dêrmei de winners fan de Midwintercup 2007.


SDS spile yn poule M4:
1 Waterpoort Boys
2 Rijperkerk
3 SDS
4 Warga
5 Exstador

Klik hjir foar alle poule-yndielingen en it spylskema.
Út elke poule geane de earste 2 ploegen troch nei de folgende ronde.
De finaleronde(knock-out) begjint om 17.30. De finale is om 20.45.

Mei dit team sil SDS moarn probearje om in ein te kommen:
SDS 1 futsal:
Marten
Harm
Tsjeard
Peter
Tsjipke
Skelte
Dirk-Yde
Willem

Sjoch hjir foar de prognoses op de webside fan Drs. Vijfje(klik hjir). Sels SDS wurdt hjir neamd as outsider……..
Hooplik komt SDS in ein, mar wy ferwachtsje net dat dit moandei wer op teletekst stiet(klik hjir).

Sa ’t jim sjogge kinne jim dus foar alle ynformaasje rûn de Midwintercup terjochte op de webside fan Drs. Vijfje(klik hjir).