Evenementen in november 2022

Wepperkes -tiisdei-
8 januari 2007
Wepperkes -tongersdei-
10 januari 2007

Futsal: SDS 1 jûn mei ferfangers
SDS 1 spilet jûn om 20.30 thús tsjin Leeuwarden 1. SDS 1 kint wat personele problemen. Anne(wintersport), Tsjipke(lêst fan ‘e foet) en Willem(kursus) binne der net. 
Tseard Halbersma, Tseard Breeuwsma en Skelte Anema binne harren ferfangers.

Futsal: Wedstryd SDS 2 giet net troch
De wedstryd tusken de futsallers fan SDS 2 en Genemuiden 1 giet jûn net troch. Dit yn ferban mei in stjêrgefal binnen de klup. Wannear de wedstriid wol spile wurdt is foaralsnoch ûnbekend.
 
Klaverjasse
Yn ‘e tarieding op it klaverjastoernooi fan 19 jannewaris nimme twa ervaren cracks (Fred S. & Rene V.) it regelmjittich op tsjin twa (redelyk ûnervaren) rookies (G.v.A. & DYS). Sa ek ôfrune sneon yn’e kantine fan SDS nei de nijjiersresepsje. No wurdt der faaks sein dat erfaring de trochslach jout by dit spultsje, mar dit kear wie it (wer) oars. Nei in 3/4-beam (der wie net mear tiid genoch) joech de stan tusken Wij (F&R) en Zij (G&D) 744 – 1460 oan, yn it foardiel dus fan’e rookies. Hjirmei tille se de tuskenstan nei in 3-1 foarsprong foar dizze jonge gasten. Dat dit Fred en Rene min sint mei dúdlik wêze…….
DYS


Trainen begjint wer!
Tongersdei 11 januari om 20.00 oere is der wer training foar SDS 4(?), SDS 5 en SDS 6.
We begjinne 2007 goed mei efkes Switte, Douche en Supe?!
Gr Sipke


Trefferfergadering
Noch efkes foar de Trefferredaksje(Sjoerd!). Kommende tongersdeitejûn is der om 21.30 wer in fergadering.

Berenloop Skylge 2006
Marten Faber rûn ôfrûne jier de Berenloop mei op Skylge. Hjir noch it bewiis by it strân fan Skylge(klik
hjir) en hjir by de finish(klik hjir).
Minne Bonnema hat de Berenloop utslaggen efkes besjoen en kaam de namme fan Marten Fabert tsjin mei in moaie tiid fan 2:30:22

Wa wint de Midwintercup 2007?
Op de webside fan Drs. Vijfje kinne je in gokje dwaan op wa ’t de Midwintercup dit jier winnen giet(klik
hjir). Wy binne benijd wa ’t fan de Haitsma’s it earst syn jild ynsette sil.

Harsens derby(48)!
Hoe âld je ek binne en hoefolle hier as je ek hawwe, by sokke musyk moat je de kop der goed by hâlde(klik
hjir).