Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
13 november 2007
Wepperkes -freed-
15 november 2007

SDS futsal 1 – Workum Futsal 1  1-4
It slagge SDS juster net om de kopposysje te pakken yn de Haadklasse. Thús waard mei 4-1 ferlern fan Workum.
It siet SDS juster net mei. De skiedsrjochtster wie mei namme streng foar de Eastereiners(2x giel) en de keeper fan Workum wie hast net te passeren.
SDS krige yn de earste helte de measte kansen, mar it slagge net om te skoren. Workum dy dit inkelde sekonden foar rust al(mei in man mear). Skelte koe der yn de twadde helte 1-1 fan meitsje en it like dat SDS op folle toeren komme soe. Nei de 1-1 dienen sy allinne krekt efkes rêstich oan(mar 1 wissel) en wie it yn in poep en in skeet 1-3. Dat it yn it lêst noch 1-4 waard wie foar de statistiken.

Mear SDS-ers dy’t lifte
Wij krije troch dat ek Wytske Vermeulen, dy’t traind bij de froulju fan SDS, mei docht oan de liftwedstryd op 1 jannewaris 2008. Ek de broers Sjoerd Rispens (SDS 2) en Jaring R. dogge mei.

SDS 3 sneon in topper
SDS 3 spilet sneon om 12.15 in topper thús tsjin QVC 2. QVC 2 stiet dan wol boppe-oan, mar SDS 3 is de ienige ploech yn dizze klasse dy ’t noch net ferlern hat. Dochs stiet SDS 3 tredde.  Dit wurdt sneon fêst in leuke pot.

Trainerskarousel(1)
De trainerskarousel yn it betelle fuotbal is in hyt tema. Net in fuotbaldûmny te finen foar PSV en de beroppingskommisje fan Ajax is ek noch op syk dus moat Ajax him rêde mei in koster. Bij Willem twa wie de trainer ek de sigaar en moast hij Wijk(e). Wij freze ek dat Heracles der oer twa wike gjin bôle mear yn sjocht.

Trainerskarousel(2)
Ek bij de amateurs stiet it net stil.  Op de side
www.voetbalnoord.nl kinne je deistich de stân fan saken sjen fan de trainerskarousel. 0nder it kopke trainers is te sjen welke trainers harren kontrakt wol of net trochsette yn it folgend seizoen.

Training foar thús
Om ’t it trainen juster by de froulju net trochgean koe hat Anne Brouwer foar de froulju in training foar thús betocht. Ek foar de heren is it de muoite wurdich:

Hoe slim is je rechtervoet?
Dit is zo leuk dat het je hersenen in de war lijkt te sturen.  Je zult  het misschien wel 50 keer proberen om te kijken of je toch voor elkaar krijgt met je voet maar helaas niets schijnt te helpen!…
Hoe ga je te werk??
1. Terwijl je aan je bureau zit licht je je rechtse voet op en maak hiermee ronde bewegingen met de klok mee (rechtsom)…
2. Nu, terwijl  je dit doet, teken in de lucht het cijfer “6”met je rechtse hand…
Je voet zal nu de andere kant gaan uitdraaien.
Zet ‘m op!

Ajacied of niet?
Wolle de echte Ajacieden no opstean?(klik hjir).