Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
14 november 2007
Seleksjes -freed-
16 november 2007

SDS en Marcel út elkoar
SDS en Marcel Frankena hawwe yn goed oerlis beslúten om nei dit seizoen útelkoar te gean. Marcel hat hjir dan 3 jier trainer west.

Nije trainer?
No ’t Marcel Frankena nei dit seizoen fuortgiet moat der ek wer in nije trainer foar SDS 1 komme. Wa ’t hjir belangstelling foar hat kin kontakt opnimme mei foarsitter Douwe Dirk Reitsma(klik hjir).

Trainingstiden
De trainingstiden fan SDS 2 sille oanpast wurde. Wat de tiden eksakt wurde kinne jim hjir binnenkoart lêze.

Seleksjes
Yn de rin fan de dei kinne jim hjir de seleksjes foar moarn besjen.

SDS 5 net earder, mar …..
De spilers fan WPB 4 wolle sneon de yntocht fan Sinterklaas net misse. Sij diene it fersyk om earder te fuotbaljen. Dêrom soe SDS 5 sneon om 13.00 oere thús fuotbalje. Om ’t Sinterklaas dan op tillevysje is giet ek dit net troch. WPB hat te min spilers dy ’t wol fuotbalje wolle. De wedstryd is ôflast.

Rider der bij

SDS 2 hat er in rider bij. Sybren Wesselius hat tongersdei syn riidbewiis helle. Yn ien kear hawwe wij fernommen.

Spitich
SDS 5 moat de kommende wiken ien fan syn erfaren steunpilaren misse. Ype Burggraaf blykt lêst te hawwen fan in slijmbeursontsteking ûnder de foet. It komt hast nea foar, mar Ype hat it. Ype stiet hjirmei wierskynlik wol oan ’t de winterstop oan de kant. Ien foardiel. Hy kin eindliks wer ris by de yntocht fan Sinterklaas oanwêzich wêze. Troch it fuotbaljen koe hy hjir al 40 jier net by wêze.

Korbach
Fritz Korbach is op it heden mar in soad yn it nijs. De earste druk fan syn nije boek is al útferkocht, mar hy stiet noch altiten net op it fjild. Hy hat no al in oar baantsje fûn al sil dit net folle opsmite. Eltse moandei jout hy kommintaar op it fuotbaljen op Voetbalprimeur.nl(klik hjir).

Letter mear!