Wepperkes -tongersdei-

WK nei 62 wedstriden
5 juli 2006
Wepperkes -freed-
7 juli 2006

Nije spiler?
Gerrit Flissijn komt yn Easterein te wenjen. De keatsmaat fan Jacob-Klaas Haitsma en Dirk-Yde Sjaarda fuotballet no noch by Skearnegoutum. Der geane geruchten dat hy kommend seizoen yn it sjurt fan SDS spylje sil.

“Nije” spiler?
Wesley Hoitinga hat jieren by SDS fuotballe mar hie inkelde seizoenen werom syn nocht. Neffens hearen en sizzen pakt hy kommend seizoen de trie wer op en kinne wy him wer op de Skoalleseize bewûnderje. Wy binne benijd.

Spylskema
It nije spylskema foar kommend seizoen is noch net bekend. It ienige wat al bekend is is dat SDS 1 syn earste kompetysjewedstryd spilet op sneon 2 septimber en dat alle oare teams in wike letter begjinne.

WK (1)(Wommelser Kampioenskip)
Tiisdeitejûn is der yn Wommels wer fuotballe op de Terp. It wie aardich drok. Mar leafst 20 man wienen dêr te fuotbaljen. It waard úteinlik in lytse oerwinning foar swart(mei û.o. goaltsjesdief Gearaldinho Posthumus).

WK (2)(Wommelser Kampioenskip)
Jûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan. Wy probearje earst op it fuotbalfjild fuotbalje te kinnen. Mocht dit te krap foar de keatsers wêze dan wike wy út nei de Terp.

1e training
It is by ús noch net bekend wannear de earste trainingen by SDS plak fine sille. By vv Balk(3e Klasse) begjinne sy kommende(!?) wike alwer.

Sykje de ferskillen!

Dochter Marije begjint hieltiten mear op heit Jan te lykjen. Lit wy mar sizze dat sy beide wat lêst fan de waarmte hawwe.

Jonge talinten
Moandei lieten wy jim in fimke sjen fan Nikon Jevtic(sjoch
hjir). Dizze spiler koe nei PSV mar Schalke ’04 wie harren te snel ôf. Dizze reaksje krigen wy fan Sicco Scheltema dêr op:

*PSV wol altiid iederien wol ha, mar se keapje noait in talent. Se woenen bijv. ek de 15 jierige Freddy Adu van DC united ha(sjoch hjir)
Se kinne better dizze lytse Braziliaan helje(sjoch
hjir).
Sicco
*Bedankt foar dyn reaksje Sicco. Ien ding allinne. As it echt goeie fuotballers binne dan sjoch ik se leaver by Ajax.
Groeten, Willem.