Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
5 juli 2006
Wa wint de SDS WK-League?
8 juli 2006

Nij lid
SDS hat der wer in nij lid by. It is Leandro Ana Reitsma út Rien. Hy is 15 jier. Wy hoopje dat der in leuke tiid by SDS hawwe sil.

Fanút Súd-Dútslân
Aant Hofstra is mei syn frou Jellie in ein fuort op de lisfyts. Dochs folget hy it WK-fuotbal en fansels ek de SDS WK-League. Hy hat der allinne net folle fertrouen yn ûndanks syn kopposysje. Dit mailtsje krigen wy fan him:
Hoi
Nei 700 km sitte wij yn Passau. It is tropysk. No noch nei Wenen ta yn 4 dagen. Bliid dat de Dútsers der ut binne. Wat in aaklike lju at se winne. No heare wij se net mear. En it is restsich yn de pizzaria no. De league giet super sjoch ik wol. Sil it wol net winne. Mar dochs leuk sa.
Groetnis
Aant en Jellie

Webside sponsorje
Wy binne op syk nei sponsors foar de webside. Wa ’t dêrfoar belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anne Stenekes fan de sponsorkommisje. Klik hjir om him te mailen foar mear ynformaasje.
As it meisit kinne wy binnenkoart al in nije sponsor presintearje.

WK(1)(Wommelser Kampioenskip)
It wie juster drok op it fuotbalfjild yn Wommels. Der waard fuotballe troch jong en âld. By de âlderen(17-31) wienen der sa ’n 18 man/frou. By de jongerein(7-15) wienen der ek wol 20 jonkjes en famkes. Der wienen ek noch wol 8 man te sjen.

WK(2)(Wommelser Kampioenskip)
De partij tusken wyt en “swart” waard juster nei “sudden-death” wûn troch “swart”. Goaltsjewachter Gerlof “Zellof” Veldstra makke de winnende.
Hichtepunten fan de jûn wie de panna fan Akke-Rixt by Hendrik Engbrenghof en in skot op goal fan Dennis. Wienen de beamen rûn it fuotbalfjild net sa heech west dan hie Dennis de bal oer Nij Stapert hinne sketten.

Nijs?
Hawwe jim noch nijs mail dan nei info@vv-sds.nl!

Konsert by SDS?
Dit affisje kamen wy tsjin op it ynternet:

Mei welk jubileum wie dat?

Wuppies
Fansels hat eltsenien it al lang hân mei de Wuppies. Klik hjir om je noch efkes ôf te reageren.


Davids
Yn sa ’n reklame kin Edgar Davids ek noch wol aardich bolje(klik hjir).

SDS WK League
Moarn kinne jim hjir alles lêze oer de SDS WK-League. Wa giet it winnen, wa seker net, welke frou komt it heechst, hoe komt it mei Aant en noch folle mear.