Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
5 februari 2006
Wepperkes -woansdei-
7 februari 2006

SDS 3 oefent ek
Net allinne SDS 1(tsjin Snits) en SDS 2(tsjin AVC 1) mar ek SDS 3 sil dizze wike oefenje. Sy spylje woansdeitejûn om 19.45 yn en tsjin it 2e alvetal fan Woudsend.

F5 yndield
De jongste fuotballers fan SDS begjinne op 3 maart yn harren kompetsyje. Ek de oare pupillen alvetallen binne allegear op nij yndield. Sjoch hjir wêr’t se allegear hinne moatte.

Giele formulieren
It begjint aardich te rinnen mei de giele formulieren en de foto’s. It soe fansels ek hiel moai wêze dat jim allegear soargje dat it formulier bij Eddy de Boer of Aant Hofstra yn de bus komt. Om it maklik te hâlden stelle wij foar dat de Eastereinders it bij Eddy bringe en de Wommelsers bij Aant. Oarsom mei fansels ek. De Mantgummers, Kubaarders, Itensers, Lollummers, Hidaarders, Winsumers, Spannumers, Lytse wierkes, Riensters, Hinnaarders, Snitsers, Boalserters, Ljouwerters, Dronrypsters en Easterlittensers meie it sels útsykje.

Nij skoreboerd
De sponsorkommisje fan SDS is drok oan ‘e gong om it foarmekoar te krijen dat SDS in moai skoreboerd kriget. Hooplik wurdt it better fêst makke as it skoreboerd yn it Gelredome(sjoch
hjir). Wy nimme oan dat der ek wat goadkeaper is as it skoreboerd fan Vitesse(€300.000,-!).

Noait in hûntsje skoppe!
Mocht SDS oait ris sûnder ballen komme te sitten dan is it net ferstânnich om yn plak fan ballen hûnen te brûken. Sjoch
hjir wêrom net.

Fanút Liverpool
Kompleet happy sieten twa onnozele Friezen yn Liverpools pub en museum “The Albert”. Wij hiene krekt de twa lêste kaartsjes nêst mekoar kocht foar de wedstriid Liverpool – Birmingham. Uitermate tefreden sieten wij oan in pint. Dochs seach ik wat unbestendich om my hinne. Wat wie it gefal. De foarige kear dat ik yn dit wahalla siet hie ik tsjin de eigner sein: At ik hjir wer kom dan wol ik wat efterlitte fan myn club SDS. Ja, dat is best, sei de grauwe kroegbaas. En dit wie dus myn kans. De eigner seach dat ik socht om in moai plakje foar de SDS sjaal. In plakje wer dit SDS relikwie hingje koe. Sunder te freegjen kaam it personiel mei in trep, hammer en spikers. De SDS sjaal gie foar iewich yn it Liverpool museum. Elts jier komme der hunderdtuzend minsken en alle fans sille nei it plafond sjen mei der sintraal oanwezich de swart-witte SDS sjaal!

Fred is noch fan ‘e kaart.

Fred mei de SDS-sjaal foar syn favoriten.

De SDS-sjaal kriget in moai plakje.

Ek op ‘e kop stiet der SDS.

De sjaal moat al goed fêst, want it bliuwt fansels in collectors-item.


Letter mear!