Evenementen in november 2022

Wepperkes -tiisdei-
6 februari 2006
Wepperkes -tongersdei-
8 februari 2006

SDS 1 wint fan VV Snits
SDS 1 hat juster syn oefenwedstryd tsjin VV Snits mei 5-2 wûn. VV Snits spile mei in 1e-2e-A1-kombinaasje. SDS 1 miste ek wat spilers lykas; Floris, Ruurd Tsjeard, Henk, Arjan, Gert Jan, Dirk Yde, Remco en Marten. Dêrtroch stie Jappie Wijnia op ‘e goal(hy pakte noch in pingel) en siet Pytrik Hiemstra(A1) as ienige wissel op de bank. De doelpuntenmakkers binne net by ús bekend.

Maatsje te grut
AVC 1 wie juster in maatsje te grut foar SDS 2. AVC wûn mei 4-1. It doelpunt fan SDS 2 waard makke troch Stefan van Krimpen. AVC hie wol mear doelpunten meitsje kinnen, mar troch goed keeperswurk fan Jan-Simon Jelsma(1e helte) en Bote Strikwerda(2e helte) koe in gruttere útslach foarkommen wurde.

Trainer (1)
Ald SDS spiler Klaas Westra wurdt takem jier de nije trainer fan sneinsklasser Lemmer, op dit momint in 4de klasser.

Futsal
Der is jûn ek wer futsal yn de sporthal. SDS 3 nimt it op tsjin WZS 7.
SDS 1 moat om 8 oere yn Ens wêze om de pleatselike favoriten te bestriden. SDS 2 is frij  dizze wike.

Nije spilers
Wij koene al earder berjocht dwaan dat Perim Vitor in nije spiler fan A1 is. Hij komt út Brazilie en rint hjir staazje.

Ien mear en ien minder
SDS A2 hat der ek in nije spiler by. Dit is Coen Rameau út Rien. Jelmer van der Valk út Mantgum hat opsein as lid.

Aldo Swager
Dizze tip krigen wy binnen fan Skelte Anema. Dit artikel seach hy juster op de webside:www.abelenstra.com.

No is ús fraach; welke 2 SDS’ers namen de dekking fan Aldo Swager op harren dit lêste kertier?
Mail it nei info@vv-sds.nl!

Fatsoensregels
Net alle regels fan it fuotbaljen stean beskreaun. Der binne fatsoensregels dy ’t je witte en dy ’t net ien je út hoeft te lizzen. Dit is der sa ’n ien:


Liverpool
Wêrom is Freddy Scheltema sa gek fan Liverpool?
Hy kin is sels it beste útlizze, mar dit is ien fan de redens  ……….Emlyn Hughes(sjoch hjir).

Goed fêst!
Heechstwierskynlik komt Metallica 8 juny yn it Gelredome yn Arnhem spyljen. Wy geane der fan út dat it skoreboerd dan al goed fêst sit……….


Letter mear!