Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
20 november 2005
2 nije spilers foar SDS 1??
22 november 2005

2 spilers derby??
Juster stie der in grut ferslach yn de Ljouwerter Krante oer de wedstriid fan SDS 1 tsjin CVVB 1. It opmerklikste yn it stikje wie de lêste rigel; “SDS zal zich in de winterstop versterken met 2 spelers”.
Wy binne benijd wa ’t dat binne. Hawwe jim in idee of just in suggestje mail it nei info@vv-sds.nl!!

Ferslach SDS A1
Nei in goeie rite gienen de jonges fan SDS A1 sneon wer ris in kear ûnderút. Hoe dit sa koe kinne jim lêze yn ’t ferslach fan trainer Marco Hoekstra(klik
hjir).

Lotting Midwintercup?
Freed is de lotting fan de foarronden fan de Midwintercup west. Fan Akke-Rixt Zysling krigen wy de tip wêr ’t wy de útslach fan dizze lotting fine kinne. Dit is it rissultaat wat SDS en de Greidhoeke oangiet:

Poule 11             6 januari 2006 Poule 12             
4 januari 2006
Poule 13       
6 januari 2006
de Sandobbe-Koudum de Greidhoeke-Oosterend de Greidhoeke-Oosterend
Oeverzwaluwen 1 Oosterlittens 1 SDS 1
Mulier 1 Waterpoort Boys 1 Hielpen 1
TOP’63 1 Bakhuizen 1 NOK 1
Nij Engwier 1 Balk 1 Balk 2
SDS 2 CAB 1 Oudega W 1
QVC 1 Workum 2 Arum 1

Klik hjir foar de hiele lotting.

Lit mar
Ruurd Boorsma lit ús witte dat it net de bedoeling is om allegear op syn webside sjen te gean. Hy hat dizze side jieren lyn makke en wist net iens mear dat der bestie totdat Aant de side op ‘e nij ûntduts. Mar gau ferjitte dus.

Webside Zellof
Gerlof Veldstra(SDS 2) hat ek in eigen webside. Hy hâldt him al knap by. It giet my nammen oer rockmusyk, Gerlof sels, útgean en Gerlof syn fakansjes. Klik hjir om syn side te besjen.

Gerlof mei syn broer Jacob by Ajax-Arsenal(let op ‘e sjaals).

Graach dien!

Beste fuotbalfreonen,
Tidens myn ferbliuw yn it sikehûs en dêrnei haw ik fan ferskate minsken in kaartsje, blomke en besite krigen.
Fan SDS 2 krige ik sels in pakket mei libbensmiddelen. It hat my tige goed dien. Ik wol hjirby dan ek eltsenien hjirfoar betanke.
Appie Posthumus.