Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
19 november 2005
Wepperkes -tiisdei-
21 november 2005

Sinterklaasynkeapen dwaan
Moandei 28 novimber kinne de spilers fan SDS 1 en 2 mei koarting ynkeapen dwaan by Diepenmaat Sport 2000 yn Ljouwert. Sy kinne dêr terjochte foar fuotbalskuon mar ek foar b.f. tennisrackets, skiklean e.d. De winkel is spesjaal foar harren iepen fanôf 19.00 oere. Spilers dy ’t hjir hinne wolle moatte dit efkes melde by Marcel Frankena(trainer SDS 1). Der moatte yn elts gefal 15 man mei.

Doelpuntenmakkers
9 doelpunten makken de senioaren ôfrûne sneon. Posityf dêroan wie dat alle alvetallen ien of mear kear skoorden en neagytyf wie dat it mar ien oerwinning op levere.
Hjalmar Ruiter wie mei twa doelpunten it meast doeltreffend. De komplete list stiet bij senioaren.

SDS 1 bliid mei in puntsje
As wy it stikje op de webside fan Topamateurvoetbal.nl lêze oer de wedstriid tusken CVVB en SDS 1 dan mocht SDS 1 sneon dochs de hannen tichtknipe mei in puntsje. Dit sei Marcel Frankena sels. Klik hjir om it ferslach te lêzen.

SDS 3 pakt 3 punten
SDS 3 wist sneon SC Joure 3 te ferslaan. Mei namme Hjalmar Ruiter wie wichtich mei 2 knappe doelpunten. Klik hjir foar it útgebreide ferslach fan Wichard Deinum.

SDS 4 wint mar….
Nei ôfrin oerhearste de fraach bij Hielpers at de skiedsrjochter omkocht wie. Bij SDS 4 witte se wol dat soks net mooglik is. Lês
it ferslach.

Twadde jeugd

Hij is sûnt dit jier dwaande mei in sportive twadde jeugd. Earst rint er  yn it begjin fan dit jier de soalen hast ûnder syn skuon wei, mei as hichtepunt de alvestêdetocht en dêrnei sabelt der Noardnet mei in finansjeel ferlies op troch net mear alle dagen mei de trein fan Mantgum nei Snits en werom te reizgjen.

Want de fyts waard syn folgende útdaging. Doe’t de gemeente Snits yn gearwurking mei de Rabobank ek noch in wedstryd ynstelde om safolle mooglik wen-wurk kilometers te fytsen, wie Oebele alhielendal net mear te hâlden. Septimber en oktober wiene de wedstryd moannen. Freed stie yn de Ljouwerter Krante te lêzen dat de gemeente wûn hie en dat de man mei de measte kilometers Oebele Anema út Mantgum wie. Syn freon en kollega Aant einige op in teloarstellend twadde plakje. Dy oerwaget om te ferfarren nei in doarp dat fierder fan Snits ôfleit, om sa takom jier de winst pakke te kinnen.

Single- en Fideopresintaasje
Gerrit Hingst(SDS 3) hat it mar drok mei syn nije band The Secret. Foarige wike hawwe sy in clipke makke by harren nije single “Dear Adam”. Dizze clip en de single wurde kommende freed presinteare yn Café Scooters yn Ljouwert. It begjint om 20.30 oere en is ek foar alle SDS’ers tagonklik.