2 nije spilers foar SDS 1??

Wepperkes -tiisdei-
21 november 2005
Wepperkes -woansdei-
22 november 2005

Juster stie der in grut ferslach yn de Ljouwerter Krante oer de wedstriid fan SDS 1 tsjin CVVB 1. It opmerklikste yn it stikje wie de lêste rigel; “SDS zal zich in de winterstop versterken met 2 spelers”.

Wy binne benijd wa ’t dat binne. Hawwe jim in idee of just in suggestje mail it nei
info@vv-sds.nl!!

Wy hawwe sels ek al efkes neitocht. Wy tochten sels oan:

*Ype Tiemersma(SDS 4) fertsjinnet as topskoarder fan de senioaren miskien wol in kâns.
*Ate Feike de Boer(Nijland) hat noch hieltiten net foar Nijlân 1 fuotballe en is dus noch gerjochtigd om foar SDS 1 út te kommen.
*He Ke Vin(SDS F4). De jeugd hat de takomst dus miskien moat dizze topskoarder fan de pupillen in kâns krije.
*Jan Bruin(Telstar). Wennet yn Tsjom en it riden oer de ôfslútdyk begjin him wat tsjin te stean.
*Harm Stremler en Gert-Jan Hiemstra binne no noch net fit mar wurde troch de Ljouwerter Krante miskien sjoen as nije spilers(tip fan Harm-Auke Dijkstra)
*José Fortes Rodriguez(RBC). Hy sjocht sûnt snein geregeld op de webside fan SDS.