Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
23 oktober 2005
Wepperkes -woansdei-
25 oktober 2005

Gjin trainen
Foar moandei wienen alle trainingen al ôflast. It fjild wie te wiet. No bin ek de trainingen foar tiisdei ôflast. Feike Jorritsma en Douwe Reitsma binne op it trainingsfjild west en dit like noch te wiet. De kâns is grut dat der moarn al wer gewoan traint wurde kin.

Futsal: SDS 1 op ‘e nij ûnderút
SDS 1 hat justerjûn mei 3-2 ferlern fan de Golden Oldies. Yn de Westerein wienen de Golden Oldies krekt wat tûker. Wêr ’t SDS de kansen krige yn it begjin fan de wedstriid dêr makken de Golden Oldies de 1-0 en 2-0. SDS wie neat minder mar koe mar muoisum ta kansen komme. It wienen Peter en Dirk Yde dy ’t dochs foar de 2-1 en 2-2 soargen. It wie dúdlik dat beide ploegen ek de twadde helte net it spul meitsje woenen. Folle kansen wienen der dan ek net. Troch in misser fan de grinsrjochter koenen de Golden Oldies dochs de 3-2 meitsje. De bal gie 2x út mar de grins lette efkes net op. De skieds seach it net en yn de tumult wist der in Golden Oldie te skoren. Hjirnei sette SDS alles op alles en krige lytse kanskes. It wienen allinne de peal en de keeper dy ’t hieltiten yn ’t paad stienen.
SDS 1 spile dit kear yn in wat oar gearstalling as oars. Tsjipke, Robert en Anne wienen der net. Jan Stenekes(as keeper), Skelte en Dirk-Yde namen harren plakken yn. Jan-Simon, Peter, Feite en Willem wienen de oare spilers.
Nije wike mei SDS út nei Urk.
    
Skema jeugdtrainingen
Fan Jappie Wijnia krigen wij noch in
oanpast skema foar de jeugdtraining yn de seal. De yngongsdatum is ek feroare.

Futsal:SDS 3 is al út de beker
SDS 3 moat woansdei net, sa ’t wy juster melden, foar de beker fuotbalje, mar gewoan foar de kompetysje. Sy spylje om 20.00 oere thús tsjin TOSS 3 út Stiens. 

Sinfolle tiidsbesteding
Der hawwe juster in soad minsken wol efkes tiid om te puzzeljen. Sommige om ’t sok min waar wie en inkelde om ’t it bûten te waarm wie(??). It docht wol bliken dat de froulju wat sneller puzzelje as de froulju.
*Redmer Strikwerda hie troch in ôflaste training dochs noch efkes tiid om te puzzeljen. Sjoch syn berjocht
Us training waard krekt ôfbelle troch ien fan ús koaches. Allegear leuk en aardich totdat ik opiens de fraach krige om út te lissen hoe dat werkte om de puzzel ieninoar te setten. Dus ik fielde toch wol wat konkurrensje ûntstean en haw ik it beslút mar nommen om de tiid nog maar wat skerper te setten en dat is slagge, mei 1 sekonde; 3:46min.
suc6 trainer!
*Ek Geert Dijkstra siet yn Winsum efter de kompjoeter:
nee sorry Redmer ik hie 4.35 minuten nedich. Maar do hast mei hints dien want sa pienter bist do wol:-)
*Bauke Dijkstra die ek mei mar:
ik ha it ek prebeare om de puzzel te meitsjen, mar it doarre sa lang dat de batterijen fan de klok leech wienen.
ik koe der net út komme!
*Sels Britt Scheltema siet op Mallorca(!!!) efter de kompjoeter:
heey!!
we sitte no mei de hiele familie op mallorca, en soe efkes via internet op e hichte blieuwe, toen ik
dit tsjin kaam.. no, mar efkes dient, 2.59…
fakansje groetnis..
britt scheltema.. (en ek de groeten fan de rest haha)
* Ek Richt koe efkes puzzelje no ’t Willem wer ris fuort wie te (seal)fuotbaljen.
Leuk puzzeltsje
2.27… nei de twadde kear. Ik hie it foarbyld net sjoen de earste keer (8. nochwat).
gr.dyn frou

Tige by tige
Namens de selectie  van SDS-35+ willen wij Jan de Jong bedanken voor zijn aanwezigheid bij de bekerwedstrijd Noordbergum-SDS. Als trouwe SDS supporter was hij
alleen aanwezig als Eastereinder zaterdagmiddag wat wel even genoemd mag worden. Jan,in een woord KLASSE.
Groet namens voltallige selectie SDS-35+

Wichard Deinum

The Secret
Gerrit Hingst(SDS 3) hat in nije band. Hy spilet sûnt in skoftke by The Secret. Jim koenen harren fan ’t simmer spyljen sjen op it Klomprockfestival yn Wommels. De band hammert aardich oan de dyk en hat sels al in plaatsje útbrocht. Klik hjir om de webside fan The Secret te besjen. By “muziek” kinne jim it nije plaatsje belústerje.

Fan herte lokwinske!
De folgende SDS’ers binne hjoed jierdei:
 Mark Postma(SDS 1) wurdt 20 jier.
 Douwe de Boer(SDS A1) wurdt 17 jier.
 Harm Vink (SDS D3) wurdt 11 jier.
Fan herte lokwinske!