Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
24 oktober 2005
SDS League: Tom Pieter and the Heartbreakers pakke de wykpriis!
26 oktober 2005

Oh jee!!
Wy hawwe in nije foto fan trainer Marcel Frankena krigen. Nei de foto mei de snoek hawwe wy no ien mei ljipaaikes. Wy hoopje mar dat dizze foto al bekend is by de plysje en dat hy der gjin problemen mear mei kriget. Wy kinne it fansels net meitsje om him net te plaatsen.

Eitje!!

Liftsje
Foar de 5de kear sil der op 1 jannewaris in liftwedstryd holden wurde fanút Jimbar. De kâns is grut dat ek ferskate SDS-ers meie dogge oan dizze jubileumwedstryd. It doel is dit jier it Poalske stedsje Hel.


It finisjdoek hinget der al.

Rekordtiid
Ek Richt Folkert hat besocht de A-ploech goed yn elkoar te setten. Dat is har yn in rekordtiid slagge. Hjir har reaksje:
Leuk puzzeltsje
2.27… nei de twadde kear ik hie it foarbyld net sjoen de earste keer 8.nochwat

Ek yn it moaie waar
Jehannes Abma (A1) sit dizze wike ek op in waarm eilân. Moai dat se dêr ynternet hawwe. Koe der moai efkes op www.vv-sds.nl
sjen en puzzelje. Hjir syn reaksje:
vanut kreta lukte mij et ek net en fuotballe lukt hjir et net, mar dat komt net troch et waar.
gelukkig mar.
it puzzeltsje siet er foar mij ek net yn,  jammer ik siet dik oer de 7 minuten.
no jah wij sille oan e cocktails
de groeten van jehannes abma en de rest

SDS 3 futsal 
It slagget ús net om de mannen fan SDS 3 futsal wat bij de side te belûken. Utslaggen jouwe se hast net troch en der skynt oars ek neat te barren. Mar dochs is der grut nijs. Want sjoch mar nei de stân. Se steane dield boppeoan.

SDS 3 4e klasse
1 Workum 7 6 13 48 17
2 SDS 3 6 13 40 27
3 Langweer 1 5 12 39 19
4 WZS 7 6 12 34 37
5 Workum 6 5 10 33 18
6 RES 5 5 10 32 21
7 LSC 1890 3 3 6 24 13
8 Bolswardia 2 5 6 20 24
9 WZS 6 6 6 22 31
10 RES 4 7 4 20 41
11 Haskerland 7 6 3 21 53
12 Haskerland 8 6 0 22 54
Jûn om 8 oere spylje se thús foar de beker tsjin Toss 3.

De Blommencrimineel
Inkelde wiken lyn waarden der wat blommen fernield yn Wommels. No docht bliken dat dit net “samar”  dien is troch opsketten jongerein mar dat der in wiere bende bestiet dy ’t it mei nammen op libbende planten foarsjoen hat. It frjemde oan it ferhaal is dat de dieders harren heechstwierskynlik befine binnen de doarpsmuorren fan Easterein. In oplettende lêzer fan ús webside tipte ús oer it folgende artikel dat ôfrûne sneon yn de Ljouwerter Krante stien hat. Klik
hjir om it te lêzen.

SDS League
As it in bytsje mei sit dan kinne jim hjir fanmiddei de nije stân fan de SDS League besjen.