Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
23 oktober 2005
Wepperkes -tiisdei-
24 oktober 2005

Trainen ôflast
Al it trainen foar fannejûn is ôflast y.f.m. it minne waar.

Wat in wetter!

Sealtraine
Nije wike moandei giet de jeugd foar in part wer de seal yn om te trainen. Yn bijgeand skema kinne jim sjen, wannear hokker team moat. Bij in oantal steane noch gjin trainers, mar dat komt fêst noch klear.

De nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer alwer út. Hawwe je noch wat foar yn de Treffer dan wolle wy dat it leafst hjoed noch hawwe. Mail it nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Fan herte lokwinske!
Ôfrûne freed wie Syb Overal jierdei. Fan herte lokwinske!
hspace=0
Syb alwer in jier âlder.

SC Jumbo
Sneon ferlearen de mannen fan SDS A2(ek wol SC Jumbo neamd) jammerlik mei 6-0 fan SneekWit-Zwart A2. Wat wolle je ek nei in warming-up fan 2 minuten? Hoe dit sa koe kinne jimme lêze yn it ferslach fan Ids de Boer(Klik hjir).

Puzzel (1)
Juster lieten wij jim dizze puzzel oplosse. De twa snelste puzzelaars binne
Redmer Strikwerda( Ik hew de puzzel even makke(eitje natuurlyk) en die er 3 minuten en 47 seconden oer. No maar effe sjen wie dat ferbetterje sil. Miskien hellet Geert it wol binnen disse tiid op SOKKEN!  maar der luiw ik neat fan. En ik bin ek net bang foar kunkurensje fan use coachesen ) en
Sybren Wesselius (ik ha der 9.23 min. oer dien)
Wij fine it ferskil yn tiid wol wat grut. Wat giet er tusken yn sitten?
Jim kinne de tiid trochjaan
op ús mail

Puzzel (2)
Spesjaal foar de spilers fan B1 hawwe wij wer in
fekansjepuzzeltsje makke. Fansels meie ek oaren meidwaan. Ynstjoere kin op ús mail.

Futsal:SDS 1 nei de Westerein.
SDS 1 mei jûn alwer los yn de seal. Sy spylje jûn yn de Westerein om 20.55 oere tsjin de Golden Oldies. hooplik giet it harren dêr better ôf as foarich jier. Doe ferlear SDS 1 dêr mei 7-1.

Futsal: SDS 2 en 3 noch yn de beker
SDS 2 en 3 meie dizze wike los yn de 2e ronde fan de beker. SDS 2 spilet freedtejûn út tsjin Harkema 4. SDS 3 spilet woansdeitejûn om 20.00 oere thús tsjin TOSS 3.

Utslaggen Meinte Sixmatoernooi
It tige slagge Meinte
Sixma toernooi sit er wer op. Fan Syb Overal krigen wij de útslaggen troch.

F1 en F2
 
Pieter Sytsma 
Wiebe Heeres
Dagmar Tjalsma
Mathijs Postma

F3 en F4
Marten vd Weide
Solomon de Hoop
He  Ke Vin
Tom Rechter
Roan Petra

E1 en E2
Bert Couperus
Job Plantinga
Jelle de Vries   
Allert Turksma

E3 en E4

Thijs Hobbenschot                          

Nico Bakker                                       

Casper Oukes
Jan Thomas Faber

D pupillen
Jan de Boer

Klaas bouke Faber

Tjeerd de Vries

Harm Vink
Christian Zijlstra


Al wer ús heit bier
Ferline wike wie it op de Skoalleseize de Fryske dei mei ús Heit bier. Sneon en snein wie it Aldgillisdei yn de teatertún yn Riis. In Frysk Keltysk festifal wêryn Aldgillis, de earste kening fan Fryslân de septer swaaide. Hy libbe fan 623 – 680 en soarge der foar dat de Fryske kultuer begûn. Dizze Aldgilles hie foarskreaun dat ek dêr allinne mar Fryskbier dronken wurde mocht. Moaie Keltyske muzyk, froulike fjoerspuiers, in ûlefrou, in prachtich labyrint en de befalling fan in hert wy koene it allegear meimeitsje. En fierders wie der fansels baarch fan it spit, rikke fisk en in protte âlde drankjes.

Wat sfearfoto’s: