Wepperkes -tiisdei-

Wa makket foar SDS 1 de 1e goal yn de 1e-Klasse?
10 oktober 2005
Fryske dei wepperkes
11 oktober 2005

Futsal: SDS 1 – FFS 1
Woansdeitejûn fuotballet SDS 1 thús tsjin FFS 1. De wedstriid begjint om 20.00. Wy hoopje dat der no al in skiedsrjochter oanwêzich is.

Fan ús jongste ferslachjouwer
 
Wa’t seit dat it min giet mei de Fryske taal, liicht. Habtamu de Hoop, 8 jier âld, lit sjen dat hij in prachtich  ferslach skriuwe kin. Yn it Frysk. Klasse.
Ik  ha mei  myn team SDS F2 8 oktober  nei LSC1890 F5  yn  Snits  west  ik  make de 1-0 en  de 2-0  Watze-Jacob  make  de  3-0   Jacob  make de  4 –0 .Yn de twade helft make  Frank de 5-0 en LSC make de 5-1  toen waar it 5-2 en ik
make de 6-2 foar de 5-1 nam ik een hoekschop en die gong krek ien it zij net. Wiebe wie blezeert mar koe nog goet furdeedugje en we koen.goet oerspielje
en Mathijs wie ziek dat wie eigeluk wol jammer. Habtamu de Hoop 7 jier.

Futsal: SDS 2 nimt knap de 3 punten mei út Staphorst
SDS 2 hat justerjûn mei 3-2 wûn fan ZVVS yn Staphorst. Dirk-Yde wist 3 kear te skoren foar SDS. De oerwinning kaam muoisum tot stân mar ZVVS is dan ek net samar in ploech. Dirk-Yde neamde it de beste wedstriid fan SDS 2 oan ’t no ta. Klik hjir foar syn ferslach. Klik hjir foar alle doelpuntenmakkers fan SDS 2 dit seizoen.

Ferslach SDS A1
SDS A1 wûn sneon knap fan Zeerobben A1 mei 2-1. Der waard knap fuotballe mar der binne ek noch wol inkelde dinkjes dy ’t better kinne. Klik hjir foar it ferslach fan trainer Marco Hoekstra.(it ferslach stiet der no al op)

Clarence-sluier
It wie eins net Pytrik Hiemstra mar Nico “Clarence” Hettinga dy ’t dit seizoen as earste de Clarence-sluier-trofee fertsjinne. Hy miste forige wike al in penalty. Dit die hy ek by SDS A2. It is dus dúdlik wêr ’t op traint wurde moat.

Fryske Dei
Der moatte sneon fansels ferskeidene spandoeken oan de kant fan it fjild hingje. Hawwe je noch in leuke spreuk mail himdan efkes nei ús.

Efkes flagje
In pear wike lyn moast A2 út spylje. Ien fan de nije flaggers komt yn de kantine en sil in bakje kofje helje. Karin Sjaarda wit net wat hja sjocht…wat moat dizze man op it fjild op sneon en dan ek noch yn de kantine (hja komt him meast earne oars tsjin yn’e buorren). De man seit tsjin har….”Durk hat my freeche as ik ek flagje wol by SDS A2. No dat liket my wol wat”.
Karin seit: “och hea, nea witten datsto ferstân fan fuotbal hast”. Man seit:”ha ik ek net, ik sil no noch efkes nei bûten om te sjen hoe as dizze flagger it hjir op it fjild docht, misskien ha ik dêr wat oan aanst”. En de man rint de kantine út, en lit Karin alhiel ferbjusterre achter.

De man…….(Jan-Rinse Blanksma)

Knoffelskonken
Moandei lieten wij in foto sjen fan trije knoffelskonken fan SDS 3. Foar Anneke van Beem wie dat in makkie. Sij herkende Sjoerd syn knoffelskonken gelyk. Mar fan wa binne dy oaren?