Fryske dei wepperkes

Wepperkes -tiisdei-
11 oktober 2005
Wepperkes -woansdei-
12 oktober 2005


15 oktober moat in dei wurde dy’t de fuotballers fan SDS en BCV noch lang heuge sil. In dei wêr’t striden wurde sil om 3 punten yn in leuke noflike Fryske sfear op de Skoalleseize yn Easterein. Wij roppe elkenien op gewoan efkes lâns te kommen, want wat mear minsken wat mear sfear. Ek SDS 2 spilet dy dei (12.15 oere)in Fryske derby tsjin Heerenveense Boys.

Oanklaaiing
Freedtejûn om 19 oere wolle wij graach it fjild en de kantine wat oanklaaie. Mei flaggen en flagjes en mei in protte spandoeken.  Dêrom in oprop foaral ek oan de jeugd meitsje in leuk spandoek. It soe fansels prachtich wêze dat it sneontemoarn al fol hinget. Witte jim noch in leuke tekst, maile kin fansels altiten. En wa’t hiel goed is yn spandoeken fervje kin him ek melde. En fansels mochten er guon wêze dy’t freedtejûn efkes helpe wolle graach. Maile kin nei
ús

Fryske muzyk
Yn de fersierde kantine sil fansels dizze dei allinne mar Fryske muzyk draaid wurde. Fan Duo Ferbean oant Sytze van der Werf, fan Ernst Langhout oant Sebeare en fan Reboelje oant Gurbe Douwstra.

Frysk hynder
Wij hiene it al hân oer in Frysk hynder (sûnder Griet Wiersma). Wij kinne jim sizze dat it alhiel net útsletten is (sterker noch: wij witte hast wol seker) dat der yndie in Frysk hynder bij de ôftraap wêze sil. Hoe en wat, dat sjogge jim fansels.

Programmaboekje
Sa as gewoan binne der wedstrydprogramma’s. Mei gelokkich wer in Frysk foarwurd fan de foarsitter en dizze kear mei it Frysk folksliet der ien, spesjaal foar dyjene dy’t it noch net goed kinne. Sa as altyd binne der priiskes te winnen en dizze kear mei in oantal leuke ektra prizen. Fryske woarst, Frysk bier en Fryske boeken.

Folksliet
Folkert Rients Vellinga, de eardere sjonger fan de Fryske popgroep
Sebeare, sil foarôfgeand oan de wedstryd it Fryske folksliet sjonge. En omdat de tekst yn it programmaboekje stiet, sille wij gjin smoezen heare: ik kin de tekst net. Wij binne fansels ek benijd at de spilers fan SDS en BCV better sjonge as de spilers fan fan Basten.

Fryske klean
Wij hoopje fansels dat elkenien him sa danich klaait dat je sjen kinne dat hij/sij út Fryslân komt. Mei klompen, petten, truien, koarte broeken en sjurts komme wij al in hiel ein. En komme je út Burgum dan stiet read/wyt ek leuk fansels.
Wa’t it leukst oanklaaid is as Fries krijt fansels in priiske.

Frysk damme
Dizze middei kinne je ek yn de kunde komme mei dizze wrâldferneamde sport yn Hartwert en omkriten. Stoffel Bouma nimt it op tsjin elkenien dy’t mar wol. Hij hat 5 buorden klear stean en mient dat er net ferlieze kin. Wij tinke dat in Burgummer der tsjin him minstens in gelykspul útsleept.

Frysk bier
Gewoanwei komt er Heineken bier út de taap. Foar dizze gelegenheid binne der ek in pear fusten Us Heit bier.
Makke yn de brouwerij yn Boalsert.

Draaiend rêd
Nei ôfrin is der fansels wer in draaiend rêd. Mei fansels dy hearlike fleisprizen fan slachter Bouma mar ek mei in oantal boeken oanbean troch de Afûk. En wij kinne wol ferklappe dat it prachtige boek oer Foppe mei in DVD der ek bij sit

Fryske mobile cd-draaierij
Jan Bouke Bouma komt nei de wedstryd mei syn mobile cd- draaiere. Hij nimt Fryske feestmuzyk mei en ûnder it genot fan in drankje kin it fêst gesellich wurde.

Dweilorkest
Wij hiene graach noch efkes foar de stimming foar de wedstryd in dweilorkestje hân mar mei it budsjet wat wij hawwe (in pear konsumpsjebonnen) is ús dat net slagge. Witte jim noch in pear dweilen om te praten graach.

Hat er noch immen in goed plan en dy wol dat útfiere, dan kin fansels altiten. Sa kinne wij ús foarstelle dat er immen graach alle taskôgers op Fryske dúmkes trakteare wol, of in stikje Fryske nageltsiis. Wij soene sizze gean jim gong.

Hawwe jim noch fragen, opmerkingen mail se ús.