Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
26 september 2005
SDS League: 3 ploegen op nûmer 2.
28 september 2005

Stekken om it nije trainingsfjild

Ja ja minsken. Eindliks is it sa fier. De earste peal is slein foar de niie stekken, no mar hoopje dat se foar de iepening freed klear binne. In speciaal wurd fan tank oan de gemeente Littenseradiel foar de flotte ofhandeling fan de leste fergunningen.
 
Bestjoer stichting “Skoalleseize”

Goed foarinoar
Durk Okkema is tydlik leider by SDS A2. Hy hat de wyn der aardich ûnder. Sa hat hy al 8(!) man op papier stean om in kear in training te jaan. Hooplik komt dit de trainingsopkomst al ten goede. Foarige wike wienen der mar 5 man te trainen.

Goed idee?
Dit mailtsje krigen wy fan de Terp yn Wommels.
hee Willem,
Ik ha es neitocht.. Wij wolle aanst in balkon meitsje
litte op us nije hûs oan de Terp. Ik stel dat bij deze
al beskikbaar foar it gefal dat SDS 1 kampioen wurdt
dit jier. Ien foar ien mei de skaal nei foaren en de
Terp swart fan de minsken, sjochst it al foar dy?!…
Ate

Ate sjocht it al hielendal foar him.

Nammen?
By “junioren” by SDS D2 steane allegear nije foto’s. Jammer genôch hawwe wy net oeral de namme by fan de betreffende spiler. Wa kin ús deroan helpe? Mail de nammen nei info@vv-sds.nl.

Ferslach PKC ’83 1 – SDS 1
Yn de Ljouwerter Krante en ek hjir op de webside koenen jim al in ferslachje lêze fan de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken PKC ’83 1 en SDS 1. Klik hjir foar it ferslach op de webisde fan  www.topamateurvoetbal.nl.

Letter mear!