Wepperkes -moandei-

Hokker teanen hat Dennis brutsen?
26 september 2005
Wepperkes -tiisdei-
27 september 2005

Fan herte lokwinske!
Harm Stremler(SDS 1) is hjoed 31 jier wurden. Fan herte lokwinske!

Op ‘e nij ferlies foar SDS A1
SDS A1 ferlear sneon mei 2-3 fan Nijlân A1. De fuotbalwet oer it gelok fan de koprinner gie sneon wêrris op. SDS kaam yn de earste minuut op foarsprong troch in blunder fan de Nijlân keeper.
In foarset fan Johannes waard slecht ferwurke, wêrtroch Feiko syn achtste(!) seizoensgoal meitsje koe. In fan rjochting feroare skot soarche foar de lykmakker fan Nijlân. Tsien minuten foar de rêst makke Jelmer (syn earste) op oanjaan fan Johannes de 2-1.
Mar yn de lêste minuut fan´e earste helte skoarde Nijlân mei in kopbal. Korné keepte in goeie wedstriid, mar by dizze aksje seach it der net al te best út. Mei 2-2 op it skoreboard sieten wy oan de thee. Yn´e twadde helte mear balbesit, mear kansen maar gjin punten. Op´t stuit dat Geart blesseard rekke oan de lies, profitearde Nijlân fan dit gemis yn´e ferdediging. Wêr gjin punten, mar it spul wurd stadichoan better. Der is noch in soad te learen mar de progressie is der. Wat mear geluk, in bytsje slimmer en brutaler (duels winne) dan komme de punten fansels.
Klaas en Marco.

Utslach E3
It bliuwt spitich dat de lieders fan de jeugdploegen bij útwedstriden net altyd de útslach op it skoreboerd yn de kantine sette. Dêrtroch kinne wij sneontejûns net altiten alle útslaggen bringe.
Mar gelokkich krije wij ek fia de mail noch wol útslaggen binnen. Sa as E3. Sy ferlearen sneon mei 7-1 fan Heech E2

Revalideare
Durk de Jong is ferline jier blesseard rekke. Hij is opereard en is op dit stuit dwaande werom te kommen. Sa wurket hij in echt revalidaasjeprogramma ôf. Hij is de fersoarger bij SDS 1 en hij fluitet sa sneon te moarns syn wedstriden bij de jeugd. Hjir set hij de muorre op ôfstân.

Sportyf gebaar
De jeugd jout it goeie foarbyld at it om winnen of ferliezen giet. Nei ôfrin jouwe de spilers elkoar freonskiplik in hân. Hjir lokwinskje de jonges en famkes fan YVC de winners fan SDS E4.


Op de foto
Ek de jonges fan E4 steane op de foto. Mei help fan harren lieder Jan Klaas Faber en gelegenheidsfotografe Ingrid Weijer binne der aksjefoto’s makke. Jim kinne de jonges, dy’t it yn de kompetysje goed dogge, bewûnderje bij junioren. At jim bygelyks witte wolle wa’t dizze keeper is sjoch dan dêr.