Wepperkes -tiisdei-

SDS League dizze wike ynleverje!
5 september 2005
A-Wepperkes en mear..
7 september 2005

SDS Veteranen
De veteranen fan SDS moasten tiisdei fuotbalje tsjin Heech foar de beker. It waard in 5-2 oerwinning foar de mannen fan Ids Boersma.
Doelpuntenmakkers wiene Roel, Wichard, Wouter, Wichard en Ype.
Troch dizze oerwinning hawwe de âldtsjes fan SDS revansj nommen foar de nederlaach fan ferline jier en binne se troch nei de folgende ronde

SDS 2
De kâns dat SDS 2 troch is nei de folgende ronde is net sa grut. Sy ferlearen op dizze selde jûn mei 2-3 fan QVC 2. Doelpunten wiene der fan Hendrik de Jong en Willem Wijnia.

Ljouwerter Krante
De LC hie moandei folop oandacht foar SDS. In ferslach fan Peter van der Meeren en in foto wêrop dúdlik te sjen is dat Mark Postma in hiele protte liket op broer Henk Postma.

Neist it ferslach stie yn de rubryk “Langs de kant” stikjes oer Wiebe Heeres, Gearard Posthumus en C1. Hast alle stikjes dy’t yn dizze rubryk stien hawwe kinne jim fine yn it menu “de Treffer”

Agenda
At jim witte wolle wannear der fuotballe wurdt dan moatte jim sjen bij “agenda“. Neist bysûnderheden stiet er altiten in link nei it programma fan dizze wike en folgende wike

Gjin ferslagen
No’t SDS bij safolle net Fryske ploegen ynsit, sil de ferslachjouwing op Voetbalnoord meast efter wege bliuwe. Wij hawwe gjin sin om alle wiken mei Drintse en Grinzer fuotballeafhawwers in diskusje oer it brûken fan de Fryske taal fiere te moatten. Mocht immen oars it Nederlânds wol machtich wêze en sin hawwe om in ferslach te meitsjen dan krije wij dat graach en sette it dan wol op
www.voetbalnoord.nl.

In wûnder dat se wûn hawwe!
Yn it ferslach op topamateurvoetbal.nl stiet wol in hiele opmerklike reden foar it matige spul fan HZVV:
Het was warm, de bal was aan de zachte kant en het gras was lang, hierdoor was het wat lastig om goed te voetballen.

Tsja, wat wolle je ek at je 25 graden allegear in lange swarte broek oanhawwe yn de bus, dan soene wij it ek waarm hawwe.

Nei Staphorst
De twa troue supporters Minne Zijlstra en Oebele de Boer sille sneon al efkes nei Staphorst is de bedoeling. Wij witte dat ek Minne Zijlstra regelmjittich op dizze side sjocht en hij frege ús de route en it adres:
Op de A28 neemt u afslag 23, en slaat u na de afrit linksaf. 
U komt op een stovonde, en moet hier de derde afslag nemen. Dit is de Gemeenteweg.
Na ongeveer 500 m steekt u de rotonde recht over. U rijdt nog steeds op de gemeenteweg. Na ongeveer 500 m slaat u linksaf, de Parallelweg in. Dit is de weg langs het spoor.
Deze weg rijdt u gewoon uit tot u aan de linker kant vanzelf ons sportpark ziet verschijnen.

Voetbalvereniging Staphorst
Parallelweg 27
7951 AT STAPHORST