A-Wepperkes en mear..

Wepperkes -tiisdei-
5 september 2005
Wepperkes -tongersdei-
8 september 2005

SDS A1 tankt selsfertrouwen yn lêste bekerwedstriid!
Makkum A1 waard justerjûn mei 1-10 fuortspyle. Hast alles lukte. De goeie wisselwurking tusken de ferskate linies soarge derfoar dat de earste oerwinning op it scoreboard kaam. Nei 4 ferliespartijen mocht dit ek wol. Makkum woe der net foar wurkje en de twadde helte hiene hja in man minder. In echte graadmeter foar de competitie wie it dus net. Goals waarden makke troch:
Geert (1), Douwe (1), Jildert (1), Johannes (2 en 4 assists), Pytrik (2) en Feiko (3).
Klaas en Marco

Feest yn Winsum
Nei in soad goals foar en yn Easterlittens makke Geert Dijkstra juster eindliks syn earste goal yn it shirt fan SDS.
Dat der noch in soad folgje meie.

Gebroeders Feijten nei Súd Amerika?
De A-junioren binne fan doel om in spaarsysteem yn te fieren om oan it ein fan ‘e kompetysje in reiske te meitsjen. Foar elke goal lizze sy 1 euro yn. Nei de 7e goal tsjin Makkum seit Feijten tsjin de wiksels en de lieding:
” Als we zo door gaan hoeven we niet naar het Kleine Paradijs maar kunnen we naar Zuid Amerika”.

Hoe komme jo yn Makkum?
Klaas de Haan hat eltse wedstriid in grut oantal chauffeurs mei auto´s regele sadat alle spilers comfortabel yn de auto nei de útwedstriden kin.
Malcolm Feijten wie net yn Easterein, hij soe wol yn Makkum stean. Mar wat sketste eltseniens ferbazing. Hy wie op ‘e scooter fan Meilahúzen nei Makkum.

Skuon
Mei syn fiifen sieten Marco Hoekstra en syn wiksels neist elkoar yn de dugout(bankje) fan Makkum. Neffens de wiksels fan A1 hie Marco net de goeie skuon oan. Feijten hat Nike´s, Johannes hat Puma´s , Pytrik hat wer Nike´s en Erwin hat wer Puma´s.
En Marco dy hat Clark´s……. “Do falst út´e toan”, seinen de mannen. Mar wat die no bliken; de grinsrjochter fan Makkum hie ek Clark´s oan. Wienen sy dochs wer yn lykwicht.

Ferslach SDS 2 – QVC 2
De webside fan QVC is wer nij libben ynblaast. Dit is best genôch fansels. Sy binne sels sa rap mei harren ferslach fan de wedstriid SDS 2 – QVC 2 dat wy lyk harren link hjir mar plaatse. Sjoch op
www.vvqvc.nl foar it ferslach.

Nije oanwinst
SDS F4 hat der wer in nije spiler by. It giet om Jesse de Jong út Hidaard. Hy hat him fan ‘e wike oanmelden as nij lid.

Neat mei te krijen

Het voetbalmaandblad ELF is weer een wervingskampagne gestart
Zij gebruiken daarbij als referentie SDS. SDS heeft hier geen toestemming voor gegeven op welke manier dan ook. Zij hebben de adressen gekocht van de KNVB hierop heeft SDS geen invloed.
                       Het bestuur van SDS.


Futsal:Programma SDS 1
It hiele programma foar de sealfuotballers fan SDS 1 is te finen op de webside fan Exstador. Klik
hjir om it fêst te besjen.

Werom fan fakansje!

De mannen fan
Sabetocht.nl (û.o. Jelte(SDS 2), Sjoerd(SDS 2), Rudy(SDS 5), Henk(SDS 1), Gerlof-Jan(SDS 5), Mark(SDS 1) en Kees(foarhinne SDS 1) binne werom fan fakansje. Sy hawwe yn Turkije west en hawwe fêst wille hân. Mei 12 oeren fertraging kamen sy foarige wike feilich(mei Martinair) werom op Skiphol. Klik hjir foar de ongecensureerde foto’s fan harren fakansje. 


Mei tank oan Marco Hoekstra! Super!

Mail nijs nei
info@vv-sds.nl!