Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
14 maart 2005
SDS League: Sibe kriget konkurrinsje
16 maart 2005

Futsal: SDS 1 swier ûnderút
SDS 1 ferlear juster mei graue sifers yn ‘e Westerein. Fan de Golden Oldies waard mei 9-1 ferlern. In bytsje pech, in knap spyljend Golden Oldies en in komplete off-day fan de SDS ‘ers wie de oorzaak. Dizze wedstriid kin yn it rijtsje Exstador út en Avanti út. Freed- en moandeitejûns lykje foar SDS 1 net de ideale jûn om te fuotbaljen. Foar SDS makke Willem de eare-treffer.
Folgende wike woansdei spilet SDS thús tsjin Exstador. SDS hat noch wat rjocht te setten tsjin de Harnsers.

Aaipop?
Wy bliuwe der noch altiten by dat der mei Aaipop net fuotballe wurdt. Allinne yn ‘e Haadklasse moat sy los. Sa wurdt de Fryske derby tusken ONS en Harkemase Boys op Peaskemoandei spile. SDS’ers kinne gewoan nei
Aaipop. Letter yn ‘e wike wurdt der al ynhelle.
Mocht it al oars wêze mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Durk is werom
Durk hat snein by de topper AC Milan-Sampdoria west. Hy wie ien fan de 70.000(!!) minsken dy ’t der wienen. Dizze foto mailde hy ús alfêst.

Super!

Sikenhûs 1
Nummer 1 op de topskoorderslist is Gearard Posthumus. Dat komt omdat hy allegear fan dy geweldige foarsetten en paskes krijt fan syn meispilers. Sneon moast SDS 5 tsjin Bolswardia en it siet Gearard net mei. De doelman fan Bolswardia stie him hieltyd yn it paad. En dat kaam Gearard min út, want hy hie krekt heard dat Pieter Kamstra 6 kear skoord hie.

Syn skoringsdrang gie oplêst sa fier dat by in ûngelokkige aksje fan him de doelman fan Bolswardia útfoel. Letter trof immen de doelman yn it sikenhûs  yn Snits: in brutsen tean. Soe hjir de siswize “in teantsje tekoart komme” jilde?

En dat kaam dus allegear yndirekt troch Pieter Kamstra.

 

Sikenhús 2
Elkenien hat wolris sjoen op de side fan Jaring Rispens. Allegear foto’s fan eveneminten yn dizze regio. De lêste “lokaasje” wêr’t er foto’s makke hat, is it sikenhûs yn Snits. Mei in inkelbreuk leit hy dêr al in wike te wachtsjen op in operaasje.

At jim witte wolle hoe’t hy him dêr fermakket sjoch dan op de sikenkeamer by Jaring.


Fûgelwacht

Yn in prachtich jierboekje presinteart de fûgelwacht fan Easterein de sifers. Sy hawwe no ek in eigen thússide. Sjoch ek ris op www.fugelwacht-easterein.nl
 dan witte je wat er hjir allegear yn it lân omstapt en yn de loft omflucht. Seker de muoite wurdich.

Spultsje 1
Freed melden wy dat Mark Postma in leuk spultsje foar eltsenien fû hie op ynternet. It is ûnderwilens al dúdlik dat er drok socht wurdt nei de oplossing. Op Bogerman yn Wommels binne se der ek drok mei dwaande. Sean Noorman fan Burchwert en Jelmer de Boer binne al oan 66 ta kommen. In geweldige prestaasje. Dan hawwe se noch 34 te gean. Wy binne benijd nei jimme skore. Klik hjir.om noch efkes te sjen.

Spultsje 2
Wa’t it boppesteande spultsje te dreech fynt, kin besykje dit hiel ienfâldige, berne eftige spultsje te dwaan. Der binne al guon oant level 36 ta kommen. Wy wolle jim wol warskôgje: it is tige ferslavend en lieders aksepteare net dat jim hjirtroch it fuotbal ôfsizze.