Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
13 maart 2005
Wepperkes -tiisdei-
15 maart 2005

Futsal
Dizze wike is der net folle futsal. Allinne SDS 1 hoecht mar. Sy spylje jûn yn ‘e Westerein om 20.00 oere tsjin de Golden Oldies. Hooplik moarn hjir in ferslach.

Queen of Qatan.
Forige wike snein waard der yn de Jimbar troch in bult SDS’ers spultsje dien. Mei syn allen waard striden om in grutte beker. Sy spilen King of Catan. De haadpriis waard wûn troch SDS-supporter Lysbeth Huitema. Sjoch foar mear foto’s op de webside fan it Dophok(klik hjir)

The “Queen” of Catan.

Durk yn Milaan
Juster waard yn Italië de topper tusken AC Milan en Sampdoria spile. It waard in Itiliaanske striid tusken de nûmers 1 en 3. Der waard dan ek mar 1 kear skoord. de beste spiler fan Milan, Kaka, makke de 1-0. Ús eigen Durk Okkema wie tsjûge fan dit alles yn it San Siro. Wy binne benijd nei it ferslach mei de foto’s.

Spitich!
It moast der in kear fan komme mar dit wykein wie it safier. Ien fan de beste fuotballers fan Argentinië oait, Gabriël Omar Batistuta, stopt mei fuotbaljen. Jimme kin der hjir mear oer lêze.

Sa sjogge wy him nea wer.(Sjoch ek hjir)

Derby
Sneon is de derby SDS-Nijlân. Miskien wurdt it oait krekt sa ’n klassieker as Spakenburg-Ijsselmeervogels. Dizze wedstriid waard ôfrûne sneon fuotballe foar 5500(!!) minsken. Sjoch foar in ympresje op:www.ijsselmeervogels.nl

en
http://www.spakenburg.com

Soe der sneon ek safolle publyk út Nijlân meikomme?

Wol nocht
Yn it gastenboek fan VV De Weide 2 die bliken dat Noordscheschut wol nocht hie om efkes tsjin SDS 2 te fuotbaljen.


Ynlast
It is ús noch net dúdlik as der Peaskemoandei ek fuotballe wurde sil. Offisjeel is der gjin programma. Sjoch hjir mar.

Rudanski
By dizze Dútsklinkende namme heart Rudy Dijkstra. De stoere kickboksende ferdigener fan SDS 5 is de wrâld yn flein. Neffens syn thússide sabetocht sit hy yn Saoedie Arabie. Wy binne benijd at wy fan him ek in ferslach krije fan in wedstryd op nivo dêr.
At hy der as tourist hinne is, dan hat er fêst gjin koarte broek mei.

Jeugdaksje
Kommende freed giet de jeugd fan SDS by de doarren lâns om Merci Crocant te ferkeapjen. Foar 3 euro it pakje, wurdt SDS goed stipe. 4 âlders koordineare dit fanút harren eigen plak. Wy hoopje op in protte sukses.

Links

Wa’t efkes útsjoen is op it nijs fan SDS, wat wy ús net foarstelle kinne, soe efkes by de links sjen moatte. In grut ferskaat oan tige nijsgjirrige oare siden. En tanksy Willem in tige oersichtelik gehiel.

Letter miskien mear!