Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
17 januari 2005
Futsal: SDS 1 pakt 3 punten yn Warkum
19 januari 2005

Kopkreaker
Je koene it hjoed hjir en dêr kreakje heare. Fan Easterein oant Snits oant Winschoten ta.
Wat is de stân fan sakenmei :Hokker dei is it moarn, as it 4 dagen foar oare moarn tongersdei wie.
Wybren (goed)
Bote (goed) 
Sicco (net goed) 
Fred (net goed)
Arnold Hoekstra (goed)
Ralph en Sybren (goed)
famylje Kruijer earste poging (net goed),
famylje Kruijer twadde poging (net goed)
famylje Krijer tredde poging (goed)
Sicco is earlik: hy seit in gokje: (goed)
Mei oare wurden elkenien hat it goed.
Wa’t noch in gokje weagje wol: it kin noch. Of doare der guon net? Treast jim. Yn alle gefallen ien fan ús twaen wist it ek net. Moarntejûn de oplossing foar dygene dy’t it wol graach witte wol , mar net doart.
info@vv-sds.nl

SDS-league
De Treffer soe dit wykein nei Hanzedruk. Mar omdat moandei op VI de nije league spilers kamen te stean, waard besletten te wachtsjen oant moandei te jûn.
Wylst Aant moandeitejûn de Treffer print klear makke en siet te wachtsjen op de mail fan Willem, wie Willem drok dwaande mei it delheljen fan gegevens fan de side fan VI. In hiele klus kin ik jim sizze want it moat dan ek ellegear noch op sa’n lytse Treffer side.
Om goed tsien oere hie Willem it klear en koe Aant it ôfmeitsje en de oare moarn betiid de Treffer nei Wouter bringe yn de hoop dat dy freed klear is.
Tiisdeitejûn krige Aant fan Willem in mailtsje:
Hoi,

Ik soe de SDS League no alwer oanpasse kinne. Dy kloate-Rotterdammers ek altiten.

groeten, Willem

It mei dúdlik wêze: de transfer fan Nicky Hofs is net meinommen!! Mei eksuses, mar hjir koene wy neat oan dwaan. Dat Willem syn hert ek net yn Rotterdam leit, is jim ek wol dúdlik wurden. Sorry Stefan.

Traine
It trainen is wer begûn. Lekker efkes switte. Dêrnei wat drinke. In bierke
laket je dan ta.