Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
16 januari 2005
Wepperkes -tiisdei-
18 januari 2005

Net ferjitte
Tiisdei 18 jannewaris is sawol Remco as Jeroen Brouwer jierdei.

Foarút wint Midwintercup
Jammer genôch koe SDS dit jier de Midwintercup net noch in kear winne. Sy ferlearen fan lettere winner Foarút. Yn it Frysk Deiblêd stiet in grut ferslach(klik
hjir)

Kopkreaker
Juster joegen wy efkes in kopkreaker fan de BNN kalinder : Hokker dei is it moarn, as it 4 dagen foar oare moarn tongersdei wie.

It docht bliken dat SDS supporters wol fan sokke neitinkfraachjes hâlde. Wy hiene al  reaksjes binnen.
Fan Wybren (goed) fan Bote (goed) fan Sicco (net goed) en fan Fred (miskien dat Sicco it him ûngefear útlizze kin)
Wy jouwe it antwurd noch net, want wachtsje op mear goeie antwurden.
info@vv-sds.nl
En ja hear, it giet earne oer en dan komme der allegear berjochtjes binnen. Wy hâlde de spanning der noch efkes yn, dus:
Arnold Hoekstra (goed) Ralph en Sybren (goed) famylje Kruijer earste poging (net goed), famylje Kruijer twadde poging (net goed). De famylje Kruijer hat noch 5 kânsen. Wy ferwachtsje noch mear oplossingen.
info@vv-sds.nl

SDS 1 op stap
Kommende wykein giet SDS 1 wer op stap. Tradisjoneel geane se wer nei Zandvoort. Wierskynlik geane se tradisjoneel ek wer nei Amsterdam en sille der tradisjoneel ek wol wer in pear moandei werom komme yn stee fan snein.

Sneon sealfuotbal
Kommende sneon 22 jannewaris om 18.30 is der foar senioren gelegenheid om efkes te sealfuotbaljen op it ûnderlinge toernooi. Sy kinne harren opjaan by de lieder.

SDS 2 hat oefene
Sneon wie der in oefenwedstriid yn Easterein tusken SDS 2 en Nijlân 2. Einstân 3-3. Skuldich oan de doelpunten fan Nijlân wiene Feite (2 kear te koart werom spylje) en Harm Auke, dyt de bal op it middenfjild ferspilet sadat in Nijlanner trochrinne kin. Welke Nijlanners skuldich wiene oan de doelpunten fan SDS is ús net bekind.
(Bron: Harm-Auke Dijkstra)

Skore
Nee, it meitsjen fan in doelpunt is net sa maklik. Soms stiet er in spiler, in peal of in latte yn de wei. Soms alle
trije

Futsal
Moarntejûn spilet SDS 2 yn Warkum tsjin Workum. It begjint om 19.00 oere.

Spulregelwedstryd
Op vrijdag 28 januari doet SDS mee aan de jeugdspelregelwedtrijd. De wedstrijd wordt gehouden in de kantine van SDS en de aanvang is 19.30 uur. Samen met 2 teams van YVC en een team van De Walde zal uit worden gemaakt wie de winnaar is van regio Sneek e.o.. De winnaar plaatst zich voor de provinciale finale.
Publiek is van harte welkom. Voor SDS doen de volgende A-junioren mee: Geert Dijkstra,Thierry de Vreeze, Bote Strikwerda en Sjoerd Rispens. Bovenstaande personen zijn al weken met Klaas de Haan in training.