Wepperkes -tiisdei-

Nijste wepperkes
2 juni 2007
Skiedsrjochters binne slagge!
5 juni 2007

FC Wommels al yn training

Koach Brouwer fan Fc Wommels hat in hiele eigen wize fan selekteare. Wêr’t grutte koaches mei in seleksje fan 40 man begjinne en der 25 teloarsteld ôffalle, sa begjint FC Wommels mei in basis fan 5 man. Sij hiene moandeitejûn harren earste training.
De earste foto’s waarden al makke en sels de earste kameraploech stie al oan de kant. Sjoch letter foar in opname fan dizze iepenbiere training op de Terp.
De kommende wiken fult Brouwer de seleksje oan.

It grutste sukses
SDS bestiet hast 60 jier. Der is hiel wat bard yn dy 60 jier.  Wij binne benijd wat jim it grutste sukses fine fan SDS.
Wij hawwe in poll makke en wij nhoopje dat jim allegear meidogge. Klik hjir en jou oan wat jim der fan fine.

Moai sukses
Snein yn Dronryp wie der in mopai sukses weilein foar  twa SDS keatsers dy’t op de haadklassepartij meidiene. Erik Haitsma en Dirk Yde Sjaarda wûnen de twadde priis.

Ek nei Dronryp
Kommende sneon binne der mooglik wer oare SDS-ers dy’t sukses helje yn Dronryp. De midsimmerkup wurdt dan ferspile. It begjint om 11.00 oere. Wa’t meidocht fan SDS hawwe wij noch net trochkrigen. Mooglik dat immen ús de seleksje maile kin. Dan graach nei dit adres, want oars komt it net oan en binne jim de K(l)os.

Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei ús!