Skiedsrjochters binne slagge!

Wepperkes -tiisdei-
4 juni 2007
Wepperkes – woansdei –
5 juni 2007



De ôfrûne wiken, hawwe Jelle de Boer en Friso Albada nei in kursus west foar basisoplieding scheidsrechter. Dizze kursus ward hâlden by VVI yn Jiskenhuzen. Der wienen dielnimmers fan VVI en Renado, en dus ik 2 dielnimmers fan SDS.

De kursus bestie út in grut teoretysk gedielte en in praktyk gedielte, wat ôfsletten ward mei in eksamen. De kursus ward joen troch Hans Vuurman út Drilst fan de KNVB. Beide dielnimmers fan SDS slaggen mei flach en wimpel. Alle oare dielnimmers fan VVI en Renado slaggen ek.

De KNVB hat er no wer in oantal scheidrechters by. Se meie no wedstriden fan of de topklasse D-pupillen oant 3e klasse senioaren liede en jeugd en senioaren wedstriden fan de eigen ferieniging. Jelle en Friso bliuwe yn tsjinst fan SDS fluitsjen.

De kursus ward organisearre troch VVI. En we kinnen wol stelle dat se der tige yn slagge binne. De 3de helft fan VVI en Renado wie tige gesellich en thúskomst wie derom wol es wat let. Jelle en Friso tankje Renado en mei namen VVI, foar alle soargen en gemakken die se ta hún beskikking hienen en krigen.

Friso Albada