Nijste wepperkes

Wepperkes -freed-
31 mei 2007
Wepperkes -tiisdei-
4 juni 2007

Nije keeper
Der komt in keeper nei SDS. It giet om Casper Hoek fan SC Franeker. Dizze keeper is mei nammen sterk op de line. Feiko Broersma moat him noch wol kinne fan foarich seizoen. De keeper kaam doe yn botsing mei Feiko.
Wa ’t mear oer dizze keeper melde kin, mei it maile nei
info@vv-sds.nl.

Nije spiler
It wie al wat langer bekend, mar hjirby melde wy ek nochris dat Gerrit Flissijn fan SC Scharnegoutum en no wenjende yn Easterein kommend seizoen ek by SDS fuotbaljen komt.

Nije poll
Yn de rin fan ‘e wike sille wy komme mei in nije poll wêrfan jim de útslach fine kinne yn it jubileumnûmer fan de Treffer dy ’t yn july útkomme sil.

Nije baan
It is wer aksje by Aktie-Sport:

Wa kin em net,AL BUNDY!!!!Oankommende mandei is it in feit. We ha in Eastereiner dy him fanof hjoed sichsels Al Bundy neamt. It is Dirk-Yde Sjaarda. Hij sil oant 20 September besykje om in ‘fiter-diploma’ te heljen by Aktie Sport yn Ljouwert.
Voor al uw sportartikelen kom gerust bij Al Bundy (Dirk-Yde) in Aktie Sport Leeuwarden.

Nije spilers
SDS is net de ienige klup dy ’t der nije spilers by kriget. Yn it Friesch Dagblad steane hjoed alle spilers dy ’t fan klup feroare binne(klik
hjir). Mei nammen by de “Boys” binne der nogal wat feroaringen sa as by Heerenveense Boys, Broekster Boys en Waterpoort Boys.

Nije trainingen
Kommende moandei is it doel om te begjinnen mei t iepen WK(Wommelser Kampioenskip). Der wurdt fuotballe op de Terp as op it “fuotbalfjild”. It begjint om 19.30. Wa ’t nocht hat mei meidwaan.

Nije erfaring
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe justerjûn mei 4-2 ferlern fan Avanti 2. Nei de nederlaach fan foarige wike betekent dit dat SDS 1 degradeert. Om ’t SDS 2 promoveerd is spilet SDS 1 folgend jier dochs wer yn de Haadklasse.

Nije teamyndielingen
6 juny sille de lieders en trainers om tafel om de teamyndielingen foar de senioaren foar elkoar te krijen.

Nije trainer fan Feyenoord
Ek ûnder de SDS’ers is it net 100% dúdlik wa ’t no it beste de nije trainer fan Feyenoord wurde moat. Erik Gerets komt as earste út de poll, mar hat mar ien stim mear as Foppe de Haan en Mario Been. It is wol dúdlik dat Dick Advocaat en Wim Jansen net sjoen wurde as nije trainer fan Feyenoord.
Wa moat de nije trainer fan Feyenoord wurde?
  hoefolle: %
Foppe de Haan 6 15%
Trond Sollied 5 13%
Dick Advocaat 0 0%
Foeke Booy 6 15%
Mario Been 5 13%
Giovanni Trapatoni 2 5%
Erik Gerets 7 18%
Wim Jansen 0 0%
Arie Haan 3 7%
Co Adriaanse 4 10%
Totaal: 38  

Nije skiedsrjochter
In ûngelok sit yn in lyts hoekje(klik hjir).

De nijste bloopers
Gean der mar ris noflik foar sitten en hâld de bûsdoek by de hân(klik hjir).

Letter miskien mear nijs!