Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
10 maart 2007
SDS League: Freddy en Sicco pakke de wykpriis!
13 maart 2007

SDS-froulju oefenje
De SDS-froulju hawwe moarn om 19.30 yn Boalsert in oefenwedstryd tsjin Bolswardia 3. Enne Jehannes Bruinsma sil de wedstryd fluitsje en Jaap Zijlstra sil mei as grinsrjochter. Akke-Rixt Zysling sil koache. Sy lit al witte dat it rissultaat net belangryk is, mar dat de froulju mei namme in soad wille hawwe.
Ien ding is by de froulju dúdlik oars as by de manlju. By de froulju kinne se moarn allegear!


Kuenstgêrs
Kuenstgêrs. De ien fynt it geweldich en de oar fynt it mar neat. Dochs liket it derop dat der hieltiten mear fuotbalferienings in kuenstgêrsfjild oanlizze. Feiko Broersma docht foar syn stúdsje oan de CHN in ûndersyk nei de mieningen(fan trainers, spilers, supporters ensfh.) oer kuenstgêrs. It soe him tige helpe as jim de enquete ynfulle en foar freed maile nei feikobroersma@hotmail.com.
Klik hjir foar de enquete!
 Kuenstgêrs wol of net?

SDS F5 krijt útlis

5 spilerkes fan SDS F5 makken sneon harren debút op it echte fuotbalfjild. Gerrit Terpstra joech noch efkes in koarte útlis.

Folop futsalle
Woansdeitejûn is der wer futsal yn de Greidhoeke.
SDS 1 spilet de lêste thúswedstryd tsjin nûmer lêst en kin noch wol trije puntsjes brûke.
SDS 2 spilet ek thús tsjin Griffioen en dy steane yn de twadde periode boppeoan. Pas op 18 april spylje se harren lêste thúswedstryd.
It begjint allegear om 20.30 oere en elkenien is wer wolkom.

Kampioen?
It soe kinne dat de sealfuotballers fan SDS 2 moarn kampioen wurde. Genemuiden spilet om 20.20 yn Ljouwert tsjin Friesland. Mocht Genemuiden punten ferskite en SDS 2 wint dan kin de flagge yn de toer!

Ynhelje
It bliuwt jûns wat langer ljocht dus dat betekent dat der hast ek wer wedstriden op jûn fuotballe wurde kinne. Wy krije krekt troch fan ús wedstrydsekretaris André Vink dat SDS 1 op tiisdeitejûn 3 april om 18.30 fuotbalje moat yn en tsjin Bûtenpost.

SDS League
Jûn om 21.00 de nijste stân fan de SDS League mei in ferrassende wykpriiswinner.

Lappenmand(2)
Ek Trienus de Jong sit noch altiten yn de lappenmand. Hy hat lêst fan it ankel. Hy is hjirmei troch de MRI-scan west. It ankel is ynstabyl en mei fysioterapy moat dat oergean.

Noch in spesjale oanbieding!
Ot else moandie de Corsa’s yn de etalage stean, kin myntes net misse. Allinne disse wieke fan 2350 euro foar 2200 euro!! Letwel, zolang de voorraad strekt!.
(Klik
hjir)
Groetnis,
Rudy (06-10895894)

Rinne?
Wy krigen ien reaksje op de oanbieding fan Ate Feike de Boer syn auto:
Noch efkes wat oer de adfertinsje fan Ate Feike op marktplaats. Net dat ik belangstelling ha mar ik lesde it folgende: ‘Mijn auto loopt 1:20′. Logisch dat der net ien foar komt, wa wol no in auto dy ’t rint………..
Petra Wijnia

Idee?
Om as keeper in bal klemfêst te pakken is dit miskien ris in idee………..of net(klik hjir).