SDS League: Freddy en Sicco pakke de wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
12 maart 2007
Wepperkes -woansdei-
14 maart 2007

Freddy en Sicco Scheltema pakke dizze wike mei “Blinde Tyfushond” de wykpriis.

Fan herte lokwinske!!

Noch altiten stiet Klaas Dijkstra boppe-oan mei “Rob en Frank”. Om ’t hy net wissele hat yn de winterstop wienen wy tige benijd nei syn team. Dit is it:Roorda(Gro), Luirink(Az), Hanson(Hee), Alex(PSV), Kah(Rod), Boutahar(NEC),
Caluwe(Utr), Bakircioglu(Twe), Huntelaar(Aja), Charisteas(Fey) en Lazovic(Vit). Oan dit team mankeert dus net folle. Al spilet dit team dan mei 10 spilers om ’t Boutahar net mear by NEC spilet.

Sjoerd Postma docht mei syn “Sterke Ploech” dizze wike goeie saken. Hy giet fan 30 nei 10.

“OE, OE, OE, Oebeluuhh”(Oebele Anema) giet noch net echt OE OE OErend hurd yn de SDS League. Sy steane no 33e. 

“It Tredde” fan Appie Posthumus docht eindelijk syn namme eer oan. Eindelijk stean sy 3e………..fan ûnderen.

“P van P”(Pieter-Lieuwe van der Valk) is op “kampioenskoers” en stiet lêste.

Sjoch hjir foar de nijste stân: klik
hjir.