Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
10 maart 2007
Wepperkes -tiisdei-
12 maart 2007

SDS B1 kin net fan Urk winne
Juster ferlern fan Urk B2 mei 1-2. Thús ferlern en út de wedstriid wûn.
Moai waar, in sportive wedstriid, reedlik fuotbal….mar….
In reade kaart, 2 giele, skiedsrjochter net mei, lok net mei, gjin punten. En Johan foel út mei in blessuere.
Wytse en Peter spilen earst de hiele wedstriid mei B2 mei en dernei op de bank by B1.
Tige tank jonges! Hja ha net mear spile…
It ferslach.

SDS 3 wint terjochte
Neffens Syb wûn SDS 3 sneon terjochte fan SC Joure. Wêrom? Sjoch hjir.

Noch 20 punten foar SDS 5?
Nei in redelijke eerste en in wat mindere twadde helte pakte SDS 5 3punten in Harns tsjin zeerobben de reststan wie
1-5  1-0 tsjeard mooie kopbal 1-1lyts foutsje efterin 1-2 ed .1-3 en 1-4 klaas v.1-5 harm auke nei de rest makke harm auke 1-6  Zeerobben krijt noch in penalty einstan 2-6.mei noch acht wedstryden te gean en de foarm fan de leste wiken moat der noch wol 20 punten in sitte seit J.P.en in plakje bij de eerste trije.nije wike thús tsjin TOP 63 kinne we de eerste 3 punten pakke fan de 20.
Klaas Okkema

Lappenmand
Fan inkelde SDS’ers dy ’t blesseard binne hawwe wy nijs:
Feite de Haan: 2 wiken lyn holpen oan de earmtakke. Sil fan ‘e wike wer traine en hoopt sneon wer op it fjild te stean.
Hendrik de Jong: Hâldt lêst fan de knibbel. Kin allinnich rjochtút drafe. It sjitten is pynlijk. Hy sil fan ‘e wike wer nei de fysio.
Gerrit Terpstra: Neffens MRI de foarste krúsbân skuord. Sil mei fysio probearje de knibbel wat sterker te meitsjen.
Tsjalling Sikma: Wachtet op MRI-scan fan it ankel. Moat dêrnei miskien noch opereard wurde.
Jeroen Brouwer: It giet noch altiten net goed mei de knibbel. De knibbel is ynstabyl. Troch in soad trainen moat dit wer goed komme. Hy sil de kommende moanen krachttraine en fytse en hoopt kommend seizoen wer fuotbalje te kinnen.
Willem Wijnia: Gjin lêst mear fan ‘e ljisk, mar al fan ‘e knibbel. It knapt mar net op. Wierskynlik lêst fan Chondropathie patellae. Dit kin wol in skoft duorje. Sil fan ‘e wike nei de fysio.

Op nei de Kuip
Wer efkes in bericht oer de trip nei Rotterdam(klik hjir). De teller stiet op dit momint op 29. Der binne no noch mar 5 plakjes te ferjaan. Opjaan kin noch oant en mei woansdei!! In oprop oan de minsken dy’t harren al opjun hawwe om binnenkoart it jild (€ 45,-) te beteljen of oer te meitsjen op nummer 34 95 00 649.
Groetnis DYS


It skrift fan Minne Bonnema

Hast alle kearen at wij in âlde spilerskaart op de side sitte krije wij in reaksje fan Minne Bonnema. Sa ek bij dy fan Klaas Abma:
Mar ien oantekening te finen, “20 septimber Klaas Abma naar Den Haag. “ (ferhuze !! )  Vgr Minne.

SDS League
Sa ’t it no stiet kinne jim hjir moarn de nijste stân fan de SDS League fine.

Spesjale oanbieding!!
Speciaal foar alle leden fan SDS, besiekers fan SDS en
alle minsken dy’t wol ris fan SDS hjeard ha en alle
minsken die bekint binne mei de letters SDS, of yn els
gefal ien fan de trije letters:
Opel Corsa, gjin 2900, mar 2800 euro!!!
Sa lang de voorraad strekt natuurlijk.
Wez d’r dus snel bij, want op is fansels op!!
De 15e beller krijt dr ek nog in bos blommen bij.

Ate Feike de Boer

Letter mear!