Wepperkes -tiisdei –

Okkema’s en Siccoma’s skore in krans
16 augustus 2004
SDS spilet lyk tsjin BCV
18 augustus 2004

SDS 1 oefent
At alles goed gien is, hat SDS 1 tiisdeitejûn oefene yn Burgum tsjin 1ste klasser BCV. De einstân en doelpuntenmakkers binne ús noch net bekind, mar wy rekkenje der op dat wy dy sa gau as mooglik troch krije. Op de side fan BCV wie op 28 juny foar de lêste kear wat opsetten: dêr ferwachtsje wy dus neat fan.

SDS 3, 4 en 5 traine
SDS 3 dy’t krekt net kampioen wurden binne, SDS 4 dy’t no yn de 5 klasse spylje moatte en SDS 5 dat ek meidwaan wol om it kampioenskip sille der alles oan dwaan om der op 3 septimber goed foar te stean. Dêrom sille der kommende tongersdei yn Wommels wol hiel wat op de training komme.Nei ôfrin kin der brûsd wurde yn de fiver.

SDS1 traint soms yn Wommels
SDS 1 trainde ôfrûne moandei yn Wommels. Der waard hurd traind en dat wie fan de gesichten ôf te lêzen. Mei jaloerske blikken seagen sommige nei de taskôwers dy’t lekker op de fyts sittend of lizzend taseagen. Mei namme Floris Hiemstra hie it dreech. Mar dat wie logysk: hy wie hielendal op de fyts út Easterein wei kommen.

LC coach
By de Ljouwerter krante giet it om de titel Coach fan it jier. De earste útslaggen binne foar sommigen hoopvol (Mark). Foar oaren liket it noch nearne nei (Sibe). Wy komme hjir letter noch wol op werom. It docht wol bliken dat er folle mear SDS-ers meidogge dy’t harren net oanmeld hawwe yn de subleaugue, dat kin noch wol (Gerard)

SDS league
De oankundiging is al west, de formulieren kinne al ynfuld wurde en yn de kommende Treffer stiet de folsleine list. At alle dielnimmers fan de foarige edysje der ien by sykje, dan hawwe wy in d­ûbele list. Dat is goed foar de klup,. Dêrom net mear útstelle, mar ynfulle.

Foto SDS 1
De alvetalfoto fan SDS 1, dy’t op ús earste side stiet, is makke troch Hinne Bokma, bekind fan de Skille.