Okkema’s en Siccoma’s skore in krans

De nije SDS League
15 augustus 2004
Wepperkes -tiisdei –
17 augustus 2004

It begjint aardich te knipen oan de top fan it klassemint. De kransen binne no goud wurdich.
Ten opsjen fan de foarige stân fan saken binne der trije feroaring:

De Okkema’s hawwe der sneon in krâns by helle, mar harren grutste troef, Joutsen hat in ferfelende noas blessure oprûn mei it keatsen en is dus útskeakele. De rest fan de famylje moat er no in skepke boppeop dwaan, om de swier favorite Haitsma fan de bealch te hâlden. De Siccoma’s (of te wol de Scheltema’s, mar wy hawwe it idee dat de rest it sitte lit) ) hawwe der ek wer in krâns by tanksy soan Sicco dy’t aardich keatse kin, mar wol altyd yn it ferkearde (Ajax)sjurtsje omstapt.
De famylje de Vries fan de Terp moatte wy noch efkes korrigeare. De foarlêste telling wie op de Freulejûn moai let en doe liken it sân kransen. De oare deis seagen wy dy iene net mear dûbel, sadat wy se no foar 6 opskriuwe.

De folledige stân fan saken yn byld:
It krânsenklassemint
Hjir it tuskenklassemint fan moandei 16 augustus.

1. Okkema’s Easterein                          12 kransen


Dit sil der dan wol 12 wêze.

2. Haitsma’s Wommels                           11 kransen
Dit wykein stiene beide hearen droech.. Alteast wat de kransen oangiet. Fierders sil it wol wiet west ha.

Hjirûnder de trije lêste kransen fan de Haitsma’s.



3. Strikwerda’s Wommels                       9 kransen
Ek foar de Strikwerda’s woansdei gjin krâns. Folgend jier better en earst snein mar in krâns foar Redmer yn Seisbjirrum?

3. Scheltema Easterein                           9 kransen
Noch seker net útskeakele sizze se sels, al moat it wol wat te folle fan Sicco komme.


4. Broersma’s, Littens                               8 krânsen
In dei foar de Freule krigen wy dit berjocht út Littens:

“Websitemannen SDS,
It kin hast net oars: dy stilte wer’t jimme oer hawwe wolle we best ferbrekke hjer! In foto fan’e stan fan saken oan ‘e muorre op de Mar 16 yn Littens giet hjirby: de grutste ynbring oan ’t no ta is fan de famkeskant, wy as jonges dogge us best om dat wer lyk te luken, moarn is derfoar o sa geskikt, twa tagelyk sjit lekker op.
Tongersdei maile we wol wer efkes. 
Groetnis, Feiko en syn grutte maat (we geane derfoar!!)”

Helaas ek foar Littens woansdei gjin krâns.

Sy moatte net fierder útelkoar hingje want dan passe sy net mear op ús webside.

6. de Boer, Sudhoeke Wommels                7 kransen
Ek foar Douwe woansdei gjin krâns. Hooplik folgend jier better.

7. Pompstra’s Easterein                            7 kransen
Klaas hat fakânsy en gjin tiid om spikers yn ‘e muorre te slaan. Neffens ús gegevens ek net noadich want der is gjin krâns by kommen.

8. deJong /Wijnia Lollum                            7 kransen
Dit wykein wie der foar de famylje De Jong/Wijnia in grutte kâns om hegerop te kommen yn it klassemint. Jûn pearkekeatsen yn Lollum en sneon de okkema-partij yn Easterein. Helaas hienen sy de fakansy in skoftke lyn al boekt en moasten sy justerjûn fertrekke. De annuleringsfersekering woe net meiwurkje.

9. de Vries Noard Wommels                        6 kransen
Ôfrûne wykeinfoar de famlie De Vries ek in krâns en sy bliuwe dus meidwaan.

Binne der noch oare kanshawwers, wy witte it net. Hat immen noch in nije foto, of oar nijs oer kransen , mail ús dan info@vv-sds.nl