Wepperkes (tiisdei)

SDS League: De Ideale Elf
23 maart 2004
SDS League: Twa âldsjes pakke wykpriis!
24 maart 2004

De finale
Hast elkenien yn Nederlân hat wol in miening oer it Nederlânske alvetal. Oer it algemien oerhearst it gefoel dat it dizze simmer wer neat wurdt. Yn alle gefallen is der ien man dy’t in oare miening hat. “Wy helje de finale”sa besocht Klaas Advocaat syn ploechgenoaten fan SDS 5 yn de tredde helte út de negative ynsichten wei te skuoren. Syn assistent Jacob van Hanegem tekene efkes op in bierfiltsje út wat de beste opstelling is.

Mocht Jacob ûntslein wurde as assistent fan Klaas dan kin hy altiten noch dokter wurde. Dy hawwe ek sokke hânskriften.

The road to the finals (2)
It EK libbet net allinne by de âldsjes mar ek by in wat jongere generaasje. Op
www.sabetocht.nl skriuwt Mark Postma (sis mar Murk) fan SDS A1 yn syn rubryk “The road to the finals”  yn diel 2 oer de wedstriid fan Nederlân tsjin Dútslân. Hy kiest hjir foar in oare opstelling as Jacob van Hanegem.

“Murk” kiest foar de oanfal!!

F1
It is
bekind dat er ek by SDS tal fan leafhawwers binne fan formule 1. Fan sommige minsken ferwachtsje je dat, fan oaren net. Opfallend yn de ranglist by www.grandprixmanager.nl is de posysje op 9802 en 9805. Sibe en Stoffel steane frijwat ûnderoan, want der dogge sa’n 10000 mei.

9801 Roestig Racers 4
9802 Sibes8tal 4
9803 Wiske en Suske 4
9804 Eyssenstein 4
9805 Stoffel 4
9806 Mc lAARSen 4
9807 Kromme Krukas 4

Foar de wyn
It gie SDS A1 ôfrûne sneon dan eindliks in kear foar de wyn. Yn Wolvegea wûnen sy mei 2-1. Ûnder “Junioren” by “SDS A1” kinne jimme it ferslach fan Mark Postma lêze fan dizze wedstriid. De pagina is ek krekt fernijd mei nije foto’s (mei help fan
www.sabetocht.nl).

Blommen
De sealfuotballers fan SDS 1 binne woansdei kampioen wurden sûnder blommen. It bestjoer woe it risiko net nimme, om mei de blommen sitten te bliuwen, at it kampioenskip net helle waard. Ofrûne sneon hawwe se dat mear as goed makke. De ûnderwilens tige bekinde hearen dy’t spylje yn it sjurt fan de Rabobank Zuidwest Fryslân, koene de blommen yn ûntfangst nimme yn harren wite trui fan montaazjebedriuw W. Overal. De trui stie sels Willem Wijnia hiel goed.

Jierdei
Sneon 20 maart is ek de dei dat Anne Brouwer syn jierdei hie. De neisitters yn de kantine songen him sneon ta. Om mei Pyt Paulusma te praten: hy is tusken de 56 en 58 jier wurden, sis mar 57 jier. It is mar goed dat Johnny Ligthart net trainer wurdt yn Easterein. Sa’n âld duo hat gjin jonge útstrieling.

Doelpunten SDS
Klaas Pompstra makket eltse wike in moaie grafyk fan alle doelpunten dy de SDS-teams meitsje. Jimme kinne dizze fine ûnder “De Treffer”. Jimme kinne de grafyk gratis útdraaie safolle at jimme wolle en eventueel de keamer dermei behingje.