SDS League: Twa âldsjes pakke wykpriis!

Wepperkes (tiisdei)
23 maart 2004
Wepperkes (woansdei)
24 maart 2004

Dizze wike wurdt de wykpriis dielt troch twa Eastereiners. “November Rain”(G.A.T) en “Krekt net”(R.S.) pakke tegeare de wykpriis mei elk 49 punten.

Der feroaret dizze wike net in soad yn ‘e top fan it klassemint. Dochs wiene der twa froulju dy ’t wat fan hun heare lieten. “Vengeance is mine” fan A.d.J. stoarmet de top 10 binnen en de superstip is foar “Britt’s Beauty’s” fan B.S. Sy giet fan 27 nei 14.

In goeie wike foar de Sybesma’s. Heit makke ôfrûne sneon de winnende goal by SDs 5 en pakt no mei syn team ek noch de wykpriis, de soan giet mei “CCCC”(R.S.) fan 19 nei 12, en de oare soan (pakt dochs ek 43 punten) giet fan 87 nei 75.

Ûnderoan stiet noch ûnbedrige “FC Etex” fan J.P.D. “De Kuijertjes” fan, de Uri Geller fan Itens, S.S. komt al 1 puntsje tichterby.

Groetnis, Willem.

Hjir kinne jimme de nije stân fine: wike 5