Wepperkes -tiisdei-

Jûn ledegearkomst!
29 oktober 2007
Wepperkes -woansdei-
30 oktober 2007

Ledegearkomste
De opkomst justerjûn by de ledegearkomste wie net om nei hús te skriuwen. Der wienen sa ’n 20 leden en foar de rest it hiele bestjoer. Letter hjoed fêst mear oer de ledegearkomste en oars  kinne jim yn de kommende Treffer in wiidweidich ferslach lêze.

Skoreboerd
Nei grutskalich ûndersyk is dúdlik wurden wêrom it skoreboerd ôfrûne sneon by SDS 2 – Nijland 2 heakjen bleaun op 40 minuten. De klok blike noch ynsteld te wêzen op in junioarewedstryd fan 2x 40 minuten.

Straftraining
SDS A1 wûn ôfrûne sneon mei 5-1 by ONS/TOP’63. Dochs like it of krigen de spilers middeis in straftraining. De hiele seleksje siet middeis by trainer Marco Hoekstra op it dak om der nije dakpannen op te dwaan. Wy freegje ús ôf wat de straftraining wurdt as de A-junioaren in kear ferlieze……..

“Nij” lid(1)
SDS futsal 1 hat der in “nije” spiler by. Tsjipke Okkema hat wer wat tiid fûn en beslúten om it sealfuotbaljen wer op te pakken. Mooglik makket hy moarn thús tsjin Avanti syn rentree.

“Nij” lid(2)
Ek Ronny Wagenaar hat wer beslúten om de fuotbalskuon út de beam te heljen. Per 1 novimber is ek hy wer lid fan SDS, allinnich dan op it fjild.

Nije jeugdleden
Sa’t it no liket kin SDS nei de winterstop wer mei in F4 en mooflik in F5 de kompetysje yn.

SDS League
Moarntejûn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League besjen.

Yn Dútslân
Jelmer Posthumus sit by it leger en moat wol gauris nei Dútslân. Op dit momint rint hy staasje by de Dútse kustwacht(klik
hjir).

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.